Posts

Foarlêze mei it swit op 'e rêch

Afbeelding
No, hie ik samar in kadootsje yn de bus. In jier as wat lyn ha ik ek in ferhaal skreaun foar it FFF festival, doe ha ik in middei nei De Gerdyk west om foar te lêzen. It wie in graad as 30, mar de ruten moasten fansels ticht bliuwe. It wetter rûn my op 't lêst by de rêch omheech, sa waarm. Mar de bewenners hienen nearne lêst fan. Prachtige middei hân, jammer dat soks der no net oan keppele sit. 

Freebees wachtwurd? Smoar mar.

Afbeelding
Sa. Drokke dei hân. Dat ha ik sels dien, dus net oer jammerje. Niis efkes yn de mailboks sjoen. Net folle nijs, mar ien mailtsje foel my op. Fan freebees. No rint it oantal freebees hurd tebek as ik Lutz Jacobi en in tûzen as wat ynfalbij-sjineeskes leauwe mei, dus dêr moatte wy de gek net mei ha. Dit binne dus oare freebees. Fan de pomp. Ik tenk al jierren Britisch Petroleum. Eins ha ik nea oars dien, omdat se dêr altyd aksjes ha. Ik wit noch dat myn broer in kompleet servys oan glêzen boarden, bekers en wit ik net mear byelkoar riden hat. Fan de BP oan it Boargemaster Kuperusplein. Sit dy er eins noch? Hoe dan ek, no sparje jo folslein yn de hjoeddeistige moade mei in kaartsje. Gjin plakkerij fan segels mear, alles digitaal. Yn myn gefal gean ik dan ris nei de Kijkshop en keapje der wat totaal oerstallichs foar. Jo dogge wat. Wist ik folle dat der ek in webside fol mei freebees wie? No, dat wit ik sûnt hjoed dus al. Want ik moat in nij wachtwurd betinke. Earst ynlogge (...

Swart Langstme

Afbeelding
foto makke troch Piet Douma It like juster wol in Reboelje reuny yn teater Romein. In soad fan de gesichten dy't ik seach (in jier as wat âlder) mar guon noch mei deselde spikerjas oan. Prachtich. En se ha in moaie jûn hân by de rockoperera Swart Langstme. Bart Kingma en de band ha der in echt spektakel fan makke, dat net in tel ferfeelde. Dat kaam mei troch it treflike fertellen fan it wrede ferhaal oer Bertrand Cantat. René van der Laan die dit mei oertsjûging, wrede wurden en (sabeare) wodka sûpend. It ferhaal is ek wreed, moard, seks, drugs en rock 'n roll. Marius de Boer en de oare bandleden ha der yn de lêste dagen noch in hûd fol wurk fan hân, omdat de platebaas en/of eks bandleden fan Noir Désir it ferhaal oer de moard fan foaroanman Cantat op aktrise Marie Trintignant, dêr't er in stoarmeftige leafdesrelaasje mei hie, leaver net wer yn it nijs ha woenen. Dus moasten fiif nije nûmers skreaun wurde, mar dêr wie neat fan te hearren. It stie as in hûs. Foar i...

BREKKEND: Staveringshifker yn oktober klear

Afbeelding
Justerjûn wie der in gearkomst yn de Fryske Akademy oer de standert en stavering fan ús taal. Omdat ik ek nei de fergadering fan it skriuwersboun west ha, woe ik sjen en hearre hoe't der yn akademysk fermidden oer tocht wurde soe. Ik makke my yn 't foar op foar in soad wurden, mienings en lulle oer punten en komma's. Lokkich wie Gerard van der Veer as seremoanjemaster oanlutsen, sadat we meielkoar net fersopen binne yn te lange presentaasjes. #goedwurk soenen se op twitter sizze. De provinsje, de akademy en de opposysje krigen sprektiid. Foar alle ferhalen is wat te sizzen, mar yn de kearn komt it der op del dat der net goed kommunisearre is tusken de partijen. Dat wylst se elkoar hast bepisje kinne as de straal noch ynoarder is. Hoe is it dochs wer mooglik, mar ik ha sels meimakke dat in brief yn de reis fan in baly en in keamer 15 meter fierderop spoarleas ferdwine kin, dus sjoch ik dêr al net mear nuver fan op. No't alle partijen einliks yn ien romte (rûmte) si...

Rockopera Swart Langstme doorslaand succes!!!

Afbeelding
Succes rockopera Swart Langstme te groot Organisator Bart Kingma: ‘Snútslach, mar wy sette troch!’ Van onze cultuurredactie LEEUWARDEN- Rockopera Swart Langstme, die zaterdag aanstaande opgevoerd zal worden in poppodium Romein te Leeuwarden, was bijna ten onder gegaan. De onbekende Franstalige, niet meer bestaande en volledig onbelangrijke band Noir Désir, die toevallig de rechten op de muziek heeft, maakte bezwaar tegen het op voorhand al legendarische project. Uw verslaggever, die onder Noordfranse gruttojagers informatie lospeuterde, weet dat het enkel en alleen kinnesinne betreft. ‘Het te verwachten succes van de opera was een doorn in het oog van de ex bandleden, die er in hun eigen leven maar wat een zootje van hebben gemaakt,’ aldus een naar knoflook stinkend lid van wildbeheereenheid Parijs Noord. ‘Alles boven de lijn Parijs is minderwaardig, die lui uit Bordeaux schijten op ons,’ aldus de jager. Slechts door de extreme inspanningen en kwaliteiten van de Sw...

Krisisberied yn de Fryske Steaten

Afbeelding
Spotten yn it publyk by de Fryske Steaten doe't se fergaderen oer it nije Thialf:

Versterker

Afbeelding
Hjoed gjin bloch, mar in oanbieding, tsjin elts oannimlik bod.