Freebees wachtwurd? Smoar mar.





Sa. Drokke dei hân. Dat ha ik sels dien, dus net oer jammerje.

Niis efkes yn de mailboks sjoen. Net folle nijs, mar ien mailtsje foel my op. Fan freebees. No rint it oantal freebees hurd tebek as ik Lutz Jacobi en in tûzen as wat ynfalbij-sjineeskes leauwe mei, dus dêr moatte wy de gek net mei ha.

Dit binne dus oare freebees. Fan de pomp. Ik tenk al jierren Britisch Petroleum. Eins ha ik nea oars dien, omdat se dêr altyd aksjes ha. Ik wit noch dat myn broer in kompleet servys oan glêzen boarden, bekers en wit ik net mear byelkoar riden hat. Fan de BP oan it Boargemaster Kuperusplein. Sit dy er eins noch?

Hoe dan ek, no sparje jo folslein yn de hjoeddeistige moade mei in kaartsje. Gjin plakkerij fan segels mear, alles digitaal. Yn myn gefal gean ik dan ris nei de Kijkshop en keapje der wat totaal oerstallichs foar. Jo dogge wat.

Wist ik folle dat der ek in webside fol mei freebees wie? No, dat wit ik sûnt hjoed dus al. Want ik moat in nij wachtwurd betinke. Earst ynlogge (ynlogje, Teake Oppewal?) mei in tydlik wachtwurd, en dan daliks jo eigen draai der oan jaan.

Ik ha de mail ferwidere. Fuort der mei. Ik ha al wachtwurden foar myn digitale telefoanrekken, bankrekken, Stikelstekker (ja, echt wier) en wit ik wat mear. Ik wol der net mear by ha, de wrâld sit stiiffol wachtwurden.

Hoe ha jimme dat? Gewoan op in bryfke? Sjoch, jim meitsje my net wiis dat jimme dat allegearre ûnthâlde kinne. En no net opspatte dat soks al sa is, jim witte as jim wekker wurde amper hokker dei fan de wike it is as jimme 40 west ha. Dus 20 wachtwurden sit der echt net yn.

Ik doar hjir de stelling oan dat by 95% fan myn leeftiidsgenoaten de koade fan de mobile telefoan gewoan 0000 is. Omdat je der yn 't foar al beroerd fan wurde om noch wer in nije te betinken.

Myn wachtwurden binne tige goed, sei de digitale hifker. Ik ha se ek net op in bryfke. Leau ik... No, tsjoch!!!

Reacties

Populaire posts van deze blog

SC Heerenveen, het echte verhaal

Comfortably Numb as libbensdoel troch de hel dy’t ynternet wurden is

Links en rjochts