Posts

Wethouder Almere op Afûk cursus!!!

Wethouder Almere naar de Afûk Wethouder Renee Peeters, in Almere belast met de portefeuille jeugd, onderwijs en sport, heeft zich bij de Afûk aangemeld voor een cursus Fries voor polderbewoners. Op zijn weblog meldt Peeters tot deze stap te zijn gekomen door het voortdurende getreiter op de sociale media. ‘Geen probleem, maar laten ze het dan gewoon in het Nederlands doen, in plaats van in het Fries,’ aldus Peeters, die verder grote vraagtekens bij de lobby van burgemeester Jorritsma zette. ‘Als ze (Jorritsma red.) weer eens kwaad is, schakelt ze altijd over in het Fries, werkelijk een ergernis,’ schrijft Peeters zijn frustratie van zich af. Zoals bekend is Almaarmere volop in de race met Heerenveen en Zoethouder om Doekle Terpstra er toe te bewegen de internationaal hoog aangeschreven wereldkampioenschappen schoonrijden 2016 binnen te halen. De Afûk wilde de inschrijving van Peeters niet bevestigen.              

Over 100 jaar, zijn jullie allemaal dood, en wij ook

Afbeelding
Grut nijs. Wittenskippers ha in gen ûntdutsen dat jo âlder makket. Jim fiele it al oankommen, de dwazen sykje no troch hoe't se foar wêze kinne dat jo op in normale leeftyd de pipe út gean. Guon sizze al dat jo op in fitte wize aanst samar 120 jier jong wurde kinne. De gefolgen fan dizze ûntjouwing sille dramatysk wêze. Ik sil in oantal foarbylden op in rychje sette. Sjonger Rinus en Gerard Joling klimme yn 2099 noch ien kear op it poadium. Sven Kramer ferbettert op 75 jierrige leeftyd foar de 850e kear it wrâldrekôr op de fiif kilometer. Krematoaria stunte mei prizen. Op meardere plakken grutte oerlêst troch klibers 100 plussers, dy't 70ers diskriminearje as 'Lytse bern'. Philips stoppet mei feesten by 75 jier by deselde baas jubleums. De grins leit no by 90 jier. 'Dizze sprong ha ik 55 jier yn gedachten oefene,' seit Bart Helmholt yn Burgum as er einliks 23 meter springt op in memorabele jûn yn 2065. Chris Wassenaar wint de Bond as âldste spiler ea...

Pompeblêdfair, de foto

Afbeelding
Dit slagget hast nimmen, mar wol Helga fan de Pompeblêdfair. Broer en broer en sus op de foto.

Doekle Terpstra: 'Natuurlijk Thialf!'

Sitaat: KNSB en NOC*NSF nemen er kennis van dat het adviesrapport aangeeft dat op basis van de weging van ALLE aspecten en de voor de commissie beschikbare informatie met betrekking tot de respectievelijke plannen, het initiatief van Almere (Icedrome) als beste gewaardeerd zou moeten worden. En dus dogge we dat mar net. Want: ... maar van groot belang is daarnaast in hoeverre er ook sprake is van een realistisch financieel- en haalbaar planningsperspectief van alle drie betrokken aanbieders.   Dus hat de kommisje heal wurk levere. Mar wat no as heal Nederlân net oer Doekle en syn KNSB hinne fallen wie? Krekt. Dan hienen Koops en syn randstedelingen de saak moai te fiter hân. Oprop oan de provinsje: Moandei de krabbels sette, tiisdei piketpeallen keapje en mei in soad media der by yn de grûn huffe. Dan hoecht Ernst en Young dat hiele ûndersyk net mear te dwaan en komt Doekle mei de sturt tusken de poaten wol oer de ôfslútdyk om te freegjen oft er ...

It dak fan de wrâld

Afbeelding
Ja, ik kin der neat oan dwaan, as ik sa´n artikel lês as hjirûnder stiet, moat ik wol werom tinke oan woansdei 15 febrewaris 2012 en de tiid dy't ik oan It dak fan de wrâld wurkje mocht. Op dy woansdei krige ik de Rink 2012. Alle research dy't ik dien ha om ta dy roman te kommen wie in feest om te dwaan. Sa'n stikje as hjoed yn de krante stiet lûkt my der daliks wer hinne. It wachtsjen is op de earste slachtoffers dy't harren finest hour mei de dea bekeapje, want de measte deaden yn it alpinisme falle op de reis werom.

Stikelstekker op lokaasje

Afbeelding
Wat is sa'n jier fluch om! Ik woe efkes in linkje opsykje fan myn bloch oer de Pompebledfair fan ferline jier. Pas dan komme jo der efter hoefolle tekst yn 365 dagen op Stikelstekker skreaun is. Dêr hie ik wol in boek mei folskriuwe kinnen... It jout neat, alle dagen in nije Stikelstekker smyt wol op dat je in mânsk argyf krije, mar wichtiger is lykwols dat de oantallen minsken dy't dêrmei hast alle dagen Frysk lêze dit jier spektakulêr tanaam is. Grapke fansels. Gjin grap is dat as al dy lêzers en sjoggers no in boek kochten, de Friese Pers Boekerij aardich mear spek op de bonken hân hie. Alle moannen in kear as wat in werprintinge op de merk. In minske moat wat te dreamen hâlde. Juster hie ik it der mei in foaroansteande Fryske sjoernalist oer, it ûnderwerp dêr't je oer skriuwe makket in soad ferskil. Sport is mei ôfstân de rubryk dêr't je de measte hits mei krije. Absurde stikjes dogge it ek goed, polityk kin noch hinnebruie as je it mei in kwinkslach dogge, ...

Testamint fan de leafde

Afbeelding
Testamint fan de leafde ‘Ik sis it dy ta...’ Dat wie it lêste dat se tsjin him sizze koe. De bern spuiden raar guod doe’t se harren heit yn in jútesek lizzen seagen. Mar mem wie net op oare gedachten te bringen. ‘Sa ha heit en ik it trochsprutsen, dus sa komt it,’ sei it wyfke fan 86 jier. Wat de bern net wisten, wie dat heit en mem noch mear bepraten hienen yn de lêste oerkes fan heit syn libben. Komselden ha der twa minsken west dy’t sa foar elkoar troch it fjoer gienen as krekt dizze beide. It moast wol troch harren Joadske ôfkomst komme, beide wienen se alle neiste famylje ferlern yn de Dútske konsintraasjekampen. Sa hecht as dit houlik wie, is selden fertoand.   Doe’t de sjauffeur fan de lykwein de kiste brocht, knikte mem goedkarrend. De boade skodholle, nea earder hie er sa’n frjemde situaasje oantroffen. Heit dy’t dea op de bank lei, neaken, op syn jútesek pak nei. Mem hie him al wosken en berêden foardat er kaam, hy hoegde oars neat te dwaan as hei...