Testamint fan de leafde
Testamint fan de leafde
‘Ik sis it dy ta...’ Dat wie it lêste dat se tsjin him
sizze koe.
De bern spuiden raar guod doe’t se harren heit yn in
jútesek lizzen seagen. Mar mem wie net op oare gedachten te bringen. ‘Sa ha
heit en ik it trochsprutsen, dus sa komt it,’ sei it wyfke fan 86 jier.
Wat de bern net wisten, wie dat heit en mem noch mear
bepraten hienen yn de lêste oerkes fan heit syn libben. Komselden ha der twa
minsken west dy’t sa foar elkoar troch it fjoer gienen as krekt dizze beide. It
moast wol troch harren Joadske ôfkomst komme, beide wienen se alle neiste famylje
ferlern yn de Dútske konsintraasjekampen. Sa hecht as dit houlik wie, is selden
fertoand.
Doe’t de sjauffeur fan de lykwein de kiste brocht, knikte
mem goedkarrend. De boade skodholle, nea earder hie er sa’n frjemde situaasje
oantroffen. Heit dy’t dea op de bank lei, neaken, op syn jútesek pak nei. Mem
hie him al wosken en berêden foardat er kaam, hy hoegde oars neat te dwaan as
heit yn de mânske kiste lizze. Mem stie der op kop en earen by en joech oanwizings,
geduldich die de boade wat it minske woe. Hy frege net, hy frege neat. Dêr hie
er yn de jierren dat er boade wie wol ôflear fan krigen.
De begraffenis wie suver in fleurich barren. De famylje
út Hollân kaam manmachtich opdraven, nei de tiid wie mem strieljend middelpunt fan
de reüny, dy’t oant midden yn de nacht duorre. Healwei trijen klom mem op it
poadium fan de boppeseal dêr’t elts him sammele hie. Se krige de mikrofoan en
frege om stilte. Der wie nochal wat drank troch de halzen gien, dus duorre it
efkes foardat se har fersteanber meitsje koe. ‘Minsken, moai dat jim hjir hjoed
binne. Skande dat se gjin bûsboekjes foar trije jier fierderop meitsje, want
jim wurde op 23 maaie 2016 hjir wer ferwachte, as alles goed giet.’ Doe lei se
de mikrofoan del en stapte fan it poadium, sa linich as wat.
3 jier letter.
De deagraver flokte doe’t de boade him fertelde wat de
bedoeling wie. ‘Dus ik moat dy keardel opdolle omdat it minske by him yn de
kiste wol? Sa sâlt ha ik it noch nea fretten.’
‘Ik kin der ek neat oan dwaan, sa stie it yn har
testamint,’ sei de boade. ‘Sy leit yn in jútesek op de bank, fierder
spierneaken, ik wit it noch goed, har man lei der krekt sa by.’
‘No, neffens my leit dy der no wol wat oars by, en hy hat
de lêste jierren ek net al te rynsk mei rûkersguod spuite, foarsis ik jo,’
foetere de deagraver.
Doe’t er op 22 maaie 2016 de kiste frijgroeven hie, foel
him op dat de bak eins net oantaaste wie. Trije jier yn de grûn hienen hast gjin spoaren neilitten.
Om de minsken yn de buert net yn de gerdinen te jeien hie er mei de boade
regele dat der wat skermen om it grêf hinne setten wienen. Tsien minuten neidat
de deagraver de kiste op 'e râne en it grêf klear hie, kaam de boade. ‘Bist der klear foar?’ frege er
en draaide de knoppen los. Ek dy sieten net fêst, de deagraver foel it op, de
boade like der net oars fan te sjen. Dat feroare doe’t se tegearre it deksel
fan de hege kiste tilden. ‘Heare minsken, moatst no dochs ris sjen,’ sei de boade
ferheard.
De deagraver loerde yn de kiste en seach dêr in lyk
lizzen dat der krektlikegoed juster yn lein wêze kinnen hie. It frjemde wie,
dat de man in laits op de lippen hie, krekt as hie er trije jier wachte op
dizze dei.
Doe waard ik wekker.

Prachtig ferhaal, jammer danst der gjin foto by hast Ferdinand, groetnis Alfred.
BeantwoordenVerwijderen