Stikelstekker op lokaasje
Wat is sa'n jier fluch om! Ik woe efkes in linkje opsykje fan myn bloch oer de Pompebledfair fan ferline jier. Pas dan komme jo der efter hoefolle tekst yn 365 dagen op Stikelstekker skreaun is. Dêr hie ik wol in boek mei folskriuwe kinnen...
It jout neat, alle dagen in nije Stikelstekker smyt wol op dat je in mânsk argyf krije, mar wichtiger is lykwols dat de oantallen minsken dy't dêrmei hast alle dagen Frysk lêze dit jier spektakulêr tanaam is. Grapke fansels.
Gjin grap is dat as al dy lêzers en sjoggers no in boek kochten, de Friese Pers Boekerij aardich mear spek op de bonken hân hie. Alle moannen in kear as wat in werprintinge op de merk. In minske moat wat te dreamen hâlde.
Juster hie ik it der mei in foaroansteande Fryske sjoernalist oer, it ûnderwerp dêr't je oer skriuwe makket in soad ferskil. Sport is mei ôfstân de rubryk dêr't je de measte hits mei krije. Absurde stikjes dogge it ek goed, polityk kin noch hinnebruie as je it mei in kwinkslach dogge, taal en literatuer smyt hast gjin lêzers op, dat sprekt elkoar wat tsjin, mar de sifers wize it út. As je mei de stekwurden SC Hearrenfean, Marco van Basten of dy fan de foarsitter wurkje, ik bin syn namme no efkes kwyt, lûkt dat altyd.
It is ek net per definysje sa dat koarte stikjes mear lêzen wurde as wat langere. It ûnderwerp is wichtiger. It stik oer De Timmerman http://stikelstekker.blogspot.nl/2013/03/sc-heerenveen-het-echte-verhaal.html wie neffens my it langste dat ik skreaun ha, mar mei ôfstân it meast lêzen. (en oer praten, as de berjochten doge) Minsken wolle dus wol (Frysk) lêze.
Oer boeken en kranten in oare kear mear, it is no heech tiid foar de reklame!
Moarn is it wer safier. De Pompebledfair 2013. Dêr socht ik om, dit is de link fan 2012. http://stikelstekker.blogspot.nl/2012/06/it-sil-der-no-echt-fan-komme-minsken.html
It waar liket wer tige, dat wol sizze dat it hiele spul smûk binnendoar stiet, yn de Koningshof oan de Prinsenweg 1 op It Feen. Mochten al dy lêzers fan Stikelstekker no tinke: 'Hee, skriuwt dy De Jong ek boeken? Kinne wy wolris in grap fan ha!', dan binne jim moarn fan 10 oant 5 wolkom. Krije jim der fergees in krabbel yn.
http://pompebledfair.jouwweb.nl/

Reacties
Een reactie posten