Twa petearen op freedtemoarn.

Twa petearen Hjoed hie ik oant no ta twa petearen dy’t ik even mei jim diele wol. Ik sil gjin nammen neame, dêr giet it ek net om, it giet oer de ynhâld. As earste krige ik in telefoantsje fan in dame dy’t my attindearre op eat dat mei myn wurk te krijen hat. Omdat de namme fan de frou my bekend foarkaam, frege ik wêr’t se wenne. Foardat we it wisten wienen wy yn petear oer har bern en al dy frachtweinen fol feefoer dy’t ik foar harren laden hie doe’t ik noch yn Snits wurke by wat doe Koudijs Wouda hjitte. Op myn fraach hoe’t de bern de hjoeddeistige konjunktuer yn de lânbou en de polityk belibben, kaam in ferbittere antwurd. Generaasjes hurd wurkjende minsken wurde mei in pinnestreek omtsjoene ta net mear winske. Se neamde in foarbyld, lisbatterijen binne hjir al jierren ferbean. Wat de griene tsjerke net wit, of net witte wol, is dat der massaal aaien út oare lannen ynfierd wurde, dy’t dêr produsearre wurde yn: Jim riede it al. Grutte kâns dat de meast fanatike tsj...