Bruce Springsteen syn heidefjild

Bruce Springsteen syn heidefjild Wat bloeit de heide oeral prachtich dit jier, sa lês ik yn de kranten. Moaie foto’s fan pears kleure fjilden der by. It komt omdat we dit jier wer in normale simmer ha mei in soad Hollânsk reinwetter. Heide, foar ús as lytse bern wie it symboal fan earmoede. Nea yn de hiele wrâld hie ik tocht dat op in stik lân dêr’t heit en mem de kij weidzje lieten, ea heide bloeie soe. Mar tiden hawwe tiden. As je no de Marijkemuoiwei yn Oranjewâld delkomme, bloeit der heide. Pears. Der rinne wat skiep om de bjirken en oare opsjitters koart te hâlden. Op dat fjild lizze myn jeugdjierren. Blomryk lân mei Frysk reabûnt fee. Myn broer sei dizze wike dat de Van Limburg Stirums, dy’t yn de kelder op it hôf yn Brongergea bysetten binne, grif ek net tocht hienen dat der wer heide bloeie soe op de grûn dy’t sy ûntginne lieten. Dize wike wie ik te rinnen. Ik ha net safolle mei Bruce Springsteen, mar it tafal (tafal bestiet net) woe, dat ...