PvdA ferkeapet syn siel oan de duvel
'Er moet wat gebeuren om in de toekomst goed onderwijs te kunnen blijven aanbieden.' Sokssawat sei minister Jet Bussemaker juster by Knevel en Van de Brink, de EO talkshow om 23.05 op Nederlân ien. De basisbeurs wurdt omruile foar in lienstelsel. De trochrinnende jildhonger en it útrûpeljen fan de gewoane man nimt no dochs echt skandalige foarmen oan. En foar wa is dat ûnderwiis dan, frou Bussemaker? Dit kabinet, mei in VVD dy't him al mar mear yn de hannen wriuwt en in PvdA dy't syn siel alle dagen mear oan de duvel ferkeapet, soarget mei de gong fan in sneltrein foar it ideale plaatsje fan liberaal Nederlân. Ald jild makket mear jild, de bern fan de regearjende elite krije folop kânsen om te studearjen en de gewoane boargers moatte harren de bek hâlde en belesting betelje. Dêr ha wy sels foar keazen, de VVD sa grut makke dat se dit belied stâl jaan kinne. Dat de PvdA him deryn luze litten hat en no de kloaten net hat om der út te stappen, seit wat oer hoe wanhop...