DKV
De subleague Frysk yn de NHL
Wylst elts him of har hjir drok makket oer... ja, wêr
eins oer, is it DKV tiid foar de play-offs. (DKV stiet foar duizenden
kilometers verderop)
De National Hockey League hat him nei de ein sleept. Nei 82
wedstriden foar eltse ploech, dat is fansels in belachelik oantal, mar klear, ha
16 fan de 30 teams harren pleatst foar it neigesetsje. Dat is dus mear as de
helte fan de league. Hoesa in format dat útmolken wurdt.
Mar it is no dus hast safier dat it der om giet. Wat
opfalt is it dramatyske seizoen fan de Kanadeeske ploegen. Hockey is de
nasjonale sport yn Kanada. It is dus tryst dat mar ien fan de sân teams de play-offs
helle hat. Hystoarysk besjoen is it dan wol logysk dat dat de Montreal
Canadians binne, de rekôrwinner fan de Stanley Cup, it bekerke dêr’t it
allegearre om begûn is. (Yn Kanada en de USA ha se de aaklige gewoante om alle
spilers en treners flaainammen te jaan en te ferkoartsjen. Yn it gefal fan de
Canucks út Vancouver: Coach John Tortorella wurdt dan Torts, Zack Kassian is
Kas, Ryan Kesler is Kes. Strontferfelend)
In waardeloas jier foar hockeygek Kanada dus. Yn Toronto
en Vancouver binne de earste koppen al rôle, yn Winnipeg, Calgary, Edmonton en
Ottawa is it noch rêstich, mar ek dêr sil kritysk nei de teams en lieding sjoen
wurde.
Aardich is dan dat je einliks sjogge wa’t no echt de
macht hat by sa’n klup. Yn de parsegearsit yn Rogers Arena yn Vancouver, dêr’t
algemien presidint-direkteur Gillis plak meitsje moast foar Trevor Linden, liet
de stienrike eigner Francesco Aquilini
him efkes sjen. Dat binne de lju mei it grutte jild.
No dus de play-offs. Mei fiif fan de seis original six
teams, de grûnlizzers fan de NHL. Detroit, Boston, New York, Montreal en
Chicago ha harren pleatst, allinnich Toronto miste troch in strieminne searje
oan de ein fan it jier de boat.
In stik as wat hockey fans út it heitelân ha de
subleague Frysk oprjochte, dêr’t se harren foarsizing dogge oer wa’t de winner
fan de Stanley Cup 2014 wurde sil. It sil my benije. Ik gean foar prolongaasje
fan de Cup troch de Chicago Blackhawks. Mar ik win nea wat, dus sil ik no ek
wol wer mis sitte.
Dat it net altyd goed giet, mei helder wêze. Puckhappe is net goed foar it gebit.
Reacties
Een reactie posten