Sidney Kramer of Sven Crosby? Preview Olympic Hockey Tournament

Sidney Kramer of Sven Crosby
Oer in dei as wat begjint it Olympysk hockeytoernoai. In foarútsjoch.

Op de side fan de National Hockey League kinne jo de gearstalling fan de teams besjen. De arrogânsje strielet der fan ôf, as de spiler yn kwestje net yn de NHL spilet, is fermelding fan de klup net wichtich. De superieure Amerikanen dogge dêr de muoite net foar. Hawar, so be it.

Der binne in oantal lannen dy't allinnich mar ferlieze kinne. Team Canada is op papier favoryt, mei alles minder as in gouden plak sille se teloarsteld wêze. Se ha geweldige oanfallers, mei Bergeron fan de Boston Bruins yn topfoarm, Pittsburg superstjêr Sidney Crosby, de look alike fan Sven Kramer, en Rick Nash, de kwa styl meast lilke mar o sa effektive oanfaller fan de New York Rangers.
Probleem is de keeper. Luongo fan de Vacouver Canucks is net yn foarm, Cary Price fan de Montreal Canadians sil de boel oerein hâlde moatte. Ferdigeners binne ynoarder, mei Jay Boumeester fan St. Louis en Patrick Subban fan de Canadians.

Dan de USA, no, dy komme oeral krekt wat te koart. Tink ik.

En dan Europa, dêr kinne wy koart oer wêze, Sterk. Sweden foaral, as de Sedin twilling op dreef rekket, mar dat is ek daliks harren swakte. Se ha mei Alfredsson, Berglund,  Backstrom, Silverberg en Steen kar genôch, mar de Sedins is harren superduo, probleem is dat dy by de Canucks yn Vancouver foar in iepen net de puck der net iens yn krije kinne. Hopeleas út foarm. Mar dat kin op sa'n toernoai samar omdraaie. Efkes fuort út de sleur fan alle dagen.

Finlân komt ferdigenjend te koart, mar ha wol twa fan de bêste keepers. Tuukka Rask is geweldich op dreef yn Boston, Niemi spilet de pannen fan it dak yn San Jose.
Tsjechie hat in sterk team, Frolik fan de Winnipeg Jets en Krecji fan de Bruins binne op dreef, Pavelec is fêste goalie fan de Jets en begjint aardich yn foarm te kommen.

Dark horses binne der ek, Ruslân hat mei Alex Ovechkin en Pavel Datsyuk in pear hiele gefaarlike oanfallers. En ûnderskat de krêft fan de Kontinental Hockey League net, dêr wurdt heech nivo helle. Boppedat is it foar de NHL spilers efkes omskeakelje, de houwerij dy't dêr gewoan is, sil yn Ruslân in berch strafminuten opsmite.  

Wa wurdt de winner? Ik tink Canada, mar hoopje op Sweden. 

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen