Pencil Pushers

 

We binne der wer moai klear mei. 130 op de grutte dyk. Wat sei?

90, 100, 120, 130. En mar remje en oplûke. Wat in freeslik beslút fan it kabinet om dit ta te stean. Doe't it hast oeral 120 wie, riden je gewoan 130 en der wie gjin hoanne dy't der nei kraaide.

Of soe it in deal mei it CJIB wêze? Te min sinten? Jo wurde erchtinkend fan ditsoarte flauwekul. Nim no it stikje tusken de ôfslaggen De Gerdyk en Beetstersweach. Wat is der op tsjin as je dêr 130 ride?
Ho, betocht in tige mei de saken op de hichte Pencil Pusher, dêr leit in stikje fûgeltsjelân.
Ho, de Noarske wrotmûs en de trije ljippen dy't dêr noch sitte moatte harren beautysleep wol ha, dus kin 130 neat wurde.
Ho, ik skriuw myn namme yn de skiednisboeken omdat ik ho sein ha. No, lokwinske. It sil dy der nei gean, sei beppe altyd.

Wat in bollestront, sis. Dy swarte ree dy't dêr al jierren omskarrelt, jim ha him grif noch nea sjoen, want drok dwaande op de buorden te sjen hokker beheining no wer betocht is, dy ree dus, sil der net minder om sliepe as de auto's no 120, 130 of 100 ride. En 120 jaget nimmen dêr, want it giet by de lichte del, dus wie de snelhyd dêr altyd al 130. Mar dat snappe de Pencil Pushers net. Dy sjogge nei de boekjes dêr't de regeltsjes yn stean.

Kin dy maksimale snelheid asjeblyft werom nei 120? Dogge wy gewoan wer 130 en is der in soad minder argewaasje. Baantsjes yn stân hâlde, neam ik dizze dwaze boel.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

SC Heerenveen, het echte verhaal

Comfortably Numb as libbensdoel troch de hel dy’t ynternet wurden is

Links en rjochts