In middei yn de Prinsetún
Sa sitte jo op in A-lokaasje yn in djippe diskusje oer
it Frysk. Wol as net trochskriuwe. Wêr dogge wy it foar. Wat smyt it op. Sille
wy fan no ôf mar plaatsjes sjitte ynstee fan skriuwe.
Jo wolle net te raar, mar dat is net hoe’t ik der yn
stean. It sil my ferdikke net barre dat it Frysk ferdwynt as ik der noch bin.
Wat in oar dêr oer seit sil my in soarch wêze.
Hjoed en juster bin ik sa’n 30 boeken lichter wurden. Dat
is prima. As ik dit skriuw binne der miskien minsken dy’t in pear noflike
oerkes belibje, kâld gleske drinken, peukje oan as se smoke, en moai waar der
by. Dêr doch ik it foar.
Mei oare wurden, dizze middei yn de Prinsetún is wat my
oanbelanget noch mear in oanlieding om troch te gean mei Frysk skriuwe. Wat in
oar der ek fan seit.
Wél deurgaan met skrieven bliksem!!!
BeantwoordenVerwijderenIk bin nou soa'n bitsy op'e helft fan de overdâg bij dij anskafte krimy anbelând!
't Boek foldoet bêst.
Net oer yn sitte. Ik skriuw troch!
Verwijderen