Boekemerk Stiens, Fryske skriuwers yn it wyld

Dat wie in dei Stiens. Boeken ferkeapje flak foar de Primera. Moai wurk, mar ik bin no wol hast dôf. De hiele dei boemboemboem. Op it grutte poadium wie fan alles te dwaan, dêrnjonken stie radio Middelsee, de boxen yn de rjochting fan de boekekream. Dat wie no net sa geskikt om mei minsken yn petear te reitsjen oer wat der yn in boek stiet. Ik ha sels noch op de radio west, miljoenen minsken sille dit grif meikrigen ha.

Oer de kofje fan de Primera gjin klachten, bêst genôch. In hânfol Fryske skriuwers, en folk by de rûs. Mar je binne wol hast heas foardat je immen safier krije om in boek oan te skaffen. Guon net, dy rinne streekrjocht op de kream ôf en pakke wat se ha wolle. Oaren nimme wat mear tiid.

Al mei al mear boeken ferkocht as wannear't ik hjoed net op 'n paad west hie, dus toe dan mar. Moarn nei de UITmarkt yn Ljouwert.

It is helder, minsken, de R sit yn de moanne en dus komme jo dat aparte fenomeen oeral tsjin. Fryske skriuwers yn it wyld. Komt dat zien.

 

Reacties

Populaire posts van deze blog

SC Heerenveen, het echte verhaal

Comfortably Numb as libbensdoel troch de hel dy’t ynternet wurden is

Links en rjochts