Minsken mei earkes

Twa dagen gjin bloch, it is net bêst. Komt grif omdat ik djip yn it ferwurkingsproces sit fan it feit dat de nije formule by it skûtsjesilen alle skûtsjes útsein twa goed docht. Sizze se. Ik tinke dat Húzum en It Feen der justjes oars oer tinke.

Hawar, wy moatte it oer wichtiger saken ha.

Sjogge jim se wolris fytsen en draven? De minsken mei de earkes? Se binne wat wrâldfrjemd, want se libje yn harren eigen sône. En guon rinne soks op. Wurde oanriden omdat se gjin idee ha wat der om harren hinne oan de hân is. Hearre gjin fûgels, heechút dy fan Die Twa.

In gefaar op de dyk, de minsken mei de earkes. Om fierdere ûngemakken te foarkommen soe ik Sander de Rouwe freegje wolle om daliks in útstel yn te tsjinjen om dit bedjêr te ferbieden. Docht er ek nochris 'goed wurk'. Alhoewol't ik tink dat er dy slogan grif net brûke sil.

Ik mei graach de boel mei de gek beslaan, mar yn dit gefal is dat net sa. Dy muzyk soarget foar deaden. Daliks ferbiede.  

Reacties

  1. Fan dat boatsyfaren hew ik as klaaiklút gyn ferstând. Mar 't probleem met de minsen op'e dyk en in 't ferkeer dy't fan dy oartsys drage herkin ik helendal! En op'e fyts sitte te bellen en te SMS-en mot ok daliks ferboaden worre! 't Bellen bij de kassa wylst d'r boadskippen ôfrekend worre motte hoort neffens mij ok in dut rijtsy thús. Laat dy rottige tillefoan nou 's 'n keer thús! Is 't nou soa geweldig en leuk om altyd berykber te wezen? Dy't je echt noadig het praat wel 'n boadskip in of belt wel weer.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

SC Heerenveen, het echte verhaal

Comfortably Numb as libbensdoel troch de hel dy’t ynternet wurden is

Links en rjochts