Ajax
It mei bekend wêze dat ik gjin leafhawwer fan de AFC Ajax bin. Hast alles oan dy klup stiet my tsjin. En dat te krijen mei de arrogânsje dy't se dêr útstriele. Nea sille se tajaan dat in oar better wie, nee, wij hebben dit en wij hebben dat. Babbel, babbel, haadsponsor Jack van Gelder en syn maten lulle der eltse snein in oere mei fol. Hjoed soe it ek wer los. Mickey Sulejmani hat in tikje op de ankel krigen yn de kânsleas ferlerne wedstriid tsjin Feyenoord. 'Halen we toch die rechtsbuiten van Heerenveen nog even?' Sa komt it oer. Lokkich ha dy mantsjes fan It Feen it sa heech yn de bol dat se oan in heale dei net genôch ha om alles yn de lytse letterkes op papier te krijen, dus it liket derop dat it oer gean sil. Mar it is noch gjin tolve oere, dat ik bin benijd. Wat se dêr no sa oanlûkt yn Amsterdam? Ik soe it net witte. Der hinget neffens my in aaklige sfear. Foar straf tsjin de tribunes opklune en sa mear. No, leuk hear. En in topklup is it al lang net mear, allinnich ...