Petear

'Meneer, wat bent u aan het doen?'
'Wêr liket it op?'
'Is der ien dea of sa?' (twatalich grutbrocht?)
'Ja.'
'En dy moatsto no begrave?'
'Ja.'
Efkes stilte, tiid om nei te tinken.
'Wêrom hasto gjin minikraan?' (praktysk goed by de tiid)
'Asto him betellest wol ik wol ien ha...'
'In je dromen!' (yndie twatalich)
'Bist hjoed frij?'
'Nee, ik kom krekt út skoalle.'
'O. Hokker groep?'
'Groep sân. En letter gean ik nei De Venen.'
'Soa, en dat witsto no al?'
'Ja, dat ha se tsjin my sein.'
'Dat is dy skoalle mei dy nuvere kleuren?'
'Ja, dy! Mar no gean ik nei hûs, want oars is mem ûngerêst.'
'Dat moatte we net ha! No, mar lekker ite dan.'
Rinnendewei: 'Do aanst ek!'
'Tankewol, hoi!'
'Doei!'

Machtich fak ha ik dochs. En ja, der binne noch bern mei fatsoen.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Links en rjochts

Referendum over de Lelylijn

Moai waar fytser (in dramatysk ferhaal)