Swier de klos

Omdat de belestingtsjinst jild nedich hat, bin ik it bokje. Sûnt hjoed mei of kin ik net mear yn myn buske ride sûnderdat it registrearre wurdt. Ik ha in gps-ding dat presiis sjocht wat ik doch. Dan kin de fiskus my mar strûpe as ik tefolle privee kilometers meitsje.
Stel, ik soe in freondinne ha, en de frou mei soks fansels net witte? De fiskus wit it. Se kinne sels neisjen hoe hurd ik riden ha, en oft ik ek earne stoppe bin. It is wat.
Miskien moat ik mar in elektryske fyts keapje, mei in karke der efter. Of in grouwe hûn, en dan krekt as de petroaljeboeren eartiids mei de hûnekarre nei it wurk. Yn de simmer wol aardich, mar der sit in kachel yn myn buske, en dy soe ik winterdeis wol misse.
It wurdt allegearre wol yngewikkeld, ik seach dat ik op it Súd fan Drachten 75 riden ha. Dêr meie je 60 leau ik. Soe de plysje ek ynsjoch ha yn dy gps boel? Dan kin it lak wolris djoerder wurde as de brief.
Big brother is watching you...

No, ik moat der noch wat oan taheakje. Kom ik yn myn buske, blykt dat dat stomme gps-ding opladen wurde moat mei de oanstekker. Ferdikke noch oan ta! Dêr sit de oplader fan de handsfree tillfoan al yn! Wat wolle se no? Sa moatte je dus in kar meitsje tusken twa dingen dy't net meie. Soe der in ferloopstikje bestean wêrtroch je twa stekkers yn dy oanstekker stopje kinne? Ik ha al jierren in gewoane oanstekker foar de peukjes yn it bakje yn de doar lizzen, dy stap hie ik al naam, mar se moatte my net lilker meitsje, leverje der dan in ferloopke by!

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen