Schyldpoddeporno

Wêr't se tsjintwurdich al net in saak fan meitsje. Ik sil it foarsichtich bringe, yn Artis ha twa skyldpodden besocht om neiteam te krijen. Dat waard ek tiid, de iene wie al in jier as 60 en de oare tsien jier jonger. Mar se meitsje nochal wat leven as se it dogge, en dêr waard fansels in filmke fan makke. Skyldpoddeporno, it is wat!
Wy hienen thús in bolle, en as we him in jier as wat hân hienen kaam der in nije bolle. De iene woe better springe as de oare, en as der ien gjin nocht hie, wie der in stimulearjend fluitsje fan de boer. Myn heit yn dit gefal. Doe't wy ek fluitsje koenen, holpen we dêr mei. It heugt my noch dat we in kear in minutenlange serenade nedich hienen om de bolle, dy't it faaks te waarm fûn, safier te krijen dat er de pyst yn oanslach brocht.
Mar wat ik der mei sizze woe: dêr is gjin bewiis fan yn de foarm fan in Youtube filmke, en dat hoegt ek net. It hat him rêden, en dat soe mei dy skyldpodden ek sa west ha. Lit dy bisten yn de goedichheid rêstich dwaan wat se wolle. It is al slim genôch dat se it yn in bistetún dwaan moatte, lit stean dat der wer in stel mediageile fersoargers by stean te hymjen mei har Blackberry op fideofunksje.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen