Rêchsekje

Us geweldige kabinet hat yn har drift om safolle mooglik jild nei plakken te stjoeren dêr't nimmen op sit te wachtsjen, wer wat betocht. Bern dy't in rêchsekje ha omdat se net al te goed meikomme kinne op skoalle reitsje dat kwyt. Skandalich. Fan ien dy't der in protte fersân fan hat hearde ik dat der nochal wat mei sjoemele wurdt, en it jild net altyd op it goede plak komt. It tafersjoch lit te winskjen oer. Yn stee fan dêr wat oan te dwaan skaffe we it mar ôf. Maklik hear.
Oan de oare kant lizze we fjouwerbaansdyken oan nei krimpregio's. Ik ha dat nea begrepen, oant hjoed. It sit sa: as de hearen en dames nei datsoarte kriten reizgje, wolle se dat wol komfortabel dwaan. No, oan de auto sil it net lizze, dêr meie we mei syn allen in ton yn it jier foar lappe. It stik, hè, net tinke dat je der mei ien ton binne.
Hoefolle bern soenen dêr yn it jier mei rêden wêze?
Grien, duorsum, rintmasterskip? Ja, dat binne de grutte doelen. Mar om te kontrolearjen oft it pleps it wol docht sa't wy it wolle, komme we efkes del yn ús noflik ridende en in ton kostjende bolide. Mei sjauffeur. 'Sjoch se es bodzjen, kom we geane wer, it is my fierstente waarm bûtendoar. Set dy airco mar in graad leger.' Toet toet! 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen