Miste kâns

In skoft lyn ha ik my al in kear net al te fleurich útsprutsen oer ús Halbe, Fries yn it kabinet. No mei ik op sneon graach de krante lêze, mei kofje der by. Mar hjoed bekaam it my net al te bêst. Wat in arrogânsje striele fan syn kopke ôf. Se wienen sa as wenst wie sels nei in hegere ferdjipping reizgje om nei de aapkes te sjen dy't op it Maliefjild sammele wienen, want dêr boppe-yn it gebou ha je sa'n moai oersjoch oer de sukkels. Jasses.
As hjir in stik as wat minsken har namme op in list sette litte om dêrmei oan te jaan dat se gjin PVV stimme, is Jankobus ien ding ferjitten. Hy hie der by sette moatten dat se ek gjin VVD stimme, dan hie ik ek wol op dy list wollen. Want as it op snoeihurd belied oankomt dat minsken yn it legere ein sear docht, woe ik noch wolris witte wa't de boeman is. In regearakkoart dêr't rjochts him de fingers by ôfslikket, ik hear it de hear Rutte noch sizzen.
Mar miskien ha al dy ferneamde Friezen op dy list wol safolle jild dat se fan hûs út (of stikem) op de VVD stimme, en no in hûn sykje om te slaan. Jammer Jankobus, miste kâns.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen