Himp

Best wol in brûkber plantsje, dat himp. Ik ried hjoed troch Drachten en seach dat er in heal leger op de been brocht wie om in himpplantaazje op de rôljen. Se miteren al dy skoandere planten samar yn de Omrinbak. Skande is it. Wat je al net mei dat prachtige plantsje dwaan kinne, mar nee, it moat daliks fuort.
Struisel foar yn hynsteboksen, wettertichte koppelingen, it driuwend meitsjen fan skippen troch se te brouwen mei tar en toufezel, allehanne tou, floeipapier, seilen foar op in skip en prachtige klean, it kin allegearre mei himp. En as útsmiter, je wurde der high fan. No ja, dat sizze se. Doe't ik in jier as fyftjin wie ha 'k in kear sa'n joint krigen, mar ik koe gjin ferskil fernimme mei myn eigen swarte tabak.
En om yn de sfear te kommen? Stolichnaya Wodka wol ek wol, hear. Smoke is dochs al net goed foar de sûnens, (uche, uche! Hè, hè, dêr bin ik wer).
Der moat in platfoarm fan wize minsken komme dat it werbrûken fan himpplanten op de aginda set, dit fuortsmiten is net mear fan dizze tiid. Miskien in putsje foar Harm Niesen? O, nee, wize minsken hie ik it oer... 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen