Heerenlân of Smellingerfean

Wat is dat dochs mei dy buorgemeenten? Der hoecht mar wat te barren en se steane wer op de efterste poaten. En dat wylst der in oantal oantreklike frijfammen rûnrinne. Smellingerlân (sis mar net Drachten), Ljouwert en foaral It Hearrenfean moatte it ûntjilde.
Ik fyn it mar núver, en dan druk ik it sêft út.
As se yn Rottum lek of brek ha, wolle se mar wat graach nei It Feen om yn de Tsjongerskâns fan har krupsje ôf holpen te wurden. En as it goed sear docht wolle se der ek noch wol krûpend hinne!
Party minsken sitte ien kear yn de fjirtjin dagen op de tribune by de Sportklup. As der in ferbouwing oan har hûs plak fine moat? Gau efkes nei It Feen om yn de boumerk wat guod te scoren. En al dy reedriders dan, it Haskerwide hâldt net sa faak, dus yn kolonne nei Thialf, lit dy fasiliteit no ek wer yn It Feen stean. Mar o water, as it op weryndieling oankomt is der gjin minder as It Feen. Dan spuie se raar guod.
Untankber folk, dêr yn dy buorgemeenten. Wel de lusten, mar niet de lasten.
As dy fergaderboer him no in skoft op de flakte hâldt, yn hokker funksje dan ek, soe de nije gemeente Heerenlân in goed alternatyf wurde kinne. Of Smellingerfean, it makket my net út. Sjen hoe't se dan piipje, as der bakken mei jild binnen helle wurde foar sintralisaasje fan wichtige ynstellings.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen