Hannel leit op de dyk, of op it spoar

Dat Prorail is in blaudruk fan in nijerwetske, net te berikken, logge, ûnploaibere bullebakorganisaasje. Se klauwe it lêste stik fan it boemeltsjespoar nei Dokkum ta de grûn út, en niemand wist hoe dit kon gebeuren. Op it nijs seach ik dat in kraan út Putten it beulswurk dwaan moast. Krekt of soe der hjir net sa'n ding wêze. Ha se dêr by Prorail neat betters te dwaan? Se meitsje my net wiis dat se sa om jild ferlegen sitte dat de earste de beste âldizerjoad harren út de brân helpe moat mei it lêste stikje fan it lokaaltsje. Ik soe wolris witte wolle hoefolle jild der elts jier achter dat Prorail oan moat. En och heden as de blêden fan de beammen falle, of as der in dofke snie falt, lit stean dat it kwik in graad as wat ûnder nul sakket. Datsoarte saken binne se net op klear, dat binne redenen om de hiele tsjinstregeling yn de bulten te jeien.
En dan komt der as slachrjemme op de kofje sa'n wurdfierder dy't efkes útleit dat wy der allegearre meielkoar neat fan snappe, en dat it spoar nearne mear foar te brûken is. 'Absoluut onverantwoord, en op den duur een gevaar voor milieu en mensen,' en mear fan datsoarte kreten. Wat sjoch ik in tel as wat letter? Ryd my dy dikke kraan efter in wagon oan, dêr't tonnen oan gewicht oan âld spoar op lizze, oer dat ynferieure, net mear te brûken stik waardeloaze spoarbaan hinne! No, dêr hienen noch jierren lang spoarfytsen oerhinne kinnen, mei toeristen der op. Prorail hie se wol nei Ljouwert bringe kinnen. Domkoppen! Hannel leit op de dyk, as je it mar sjen wolle.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen