Groch

O, jee, wy ha de gryp yn hûs. No mar hoopje dat it dy mylde fariant is dêr't se it al in jier as wat oer ha. Ien ding is wis, as ik nei junior sjoch hat se deselde kleur as it wite lekken dêr't se ûnder leit. Sa myld is it no ek wer net. Wy krigen dan in groch, mar dat mei net mear tsjintwurdich, leau ik.
Wat dêr yn siet ha ik nea witten, it sil jenever west wêze, mei in soad sûker en gleonhjit wetter. Je koenen der goed op sliepe, dat wit ik noch wol. Sa'n groch wie better as stome. Freeslik. Mei in doek oer de kop en dan ynazemje boppe in panne mei kôkjend wetter, no, nei in kear as wat fûn ik in wike heal wêze noch better as dat.
En dan wie der it ferneamde reade drankje. De iene kear wie it lekker, en de oare kear fiis. Wat dy âld dokter yn de Knipe no krekt joech? In tsjuster ferhaal as't it my fregest. Dy keardel hie noch in frjemde gewoante, hy mocht graach neaken swimme. Yn it kanaal dêr't wy sieten te fiskjen. Nea sa'n nuvere fisk sjoen as hy. Mar wol in goede dokter, hear!

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen