Griene snotte

Sa. It moat no mar wer dien wêze mei dy oanstellerij, ik bin wer better. De kop barstensfol mei griene snotte, mar út erfaring wit ik dat je dan it slimste hân ha. Eins is it wol moai wurk, dat snuten fan griene snotte. It wurket ferslaavjend, je ha it idee dat as je it lêste derút ha, it ferkâlden wêzen ek dien is. En dan is der fansels noch de opbringst fan it kocheljen, al sa'n aardichheid. Ik bedoel, wat moatte je dermei? As je allinnich bûtendoar binne is der gjin probleem, mar wat as der in fikse, sis mar in lyts mûltsje fol produsearre is yn selskip? Trochslokke? Dêr ha ik wat muoite mei, sjoch, de sykte moat der út, en dêr past trochslokke net by. Dus bin ik oan it ein fan it ferkâlden wêzen it leafst allinnich. Mei wat romte om my hinne, jo kinne je der alles by foarstelle nim ik oan.
Nije wike is alles wer oer, en hast ferjitten. Sels de Javaanse Jongens begjinne alwer te smeitsjen, it giet de goede kant op!

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen