Foarspelber

Juster ha ik in berjocht op facebook set, wêryn't ik sei dat it in spannende dei wurde soe yn de Steaten. Ze dronken een glas, deden een plas, en alles... Jimme witte de rest wol.
Galema knibbelet djip en deemoedich, sei Johannes Kramer op twitter. Tsja, as je sa graach deputearre wurde wolle is elts risiko te grut. Dan sette jo de keet net op stelten, mar sakje gau werom yn de stoel en spytgnyskje as der immen seit wat jo eins sizze wollen hienen, en miskien wol moatten. De honger nei it plús is sa grut, dat je hast ien om hals bringe moatte, wol it konsekwinsjes ha. De show mei krokodilletriennen dy't hjoed opfierd is? Lit jim net fan de wiis bringe, it is ien grutte pankoekbakkerij, mei mar ien doel: hoe komt it nei twa maart. En neat oars. Alle ferhalen der omhinne binne net relevant. Drok gejeuzel op twitter en de omrop? Bollestront.
Juster ha ik oan Kramer frege oft hjoed de bûter jild jilde soe, ik wachtsje noch op antwurd, mar eins wist ik it al.
Djip en deemoedich? Mmm.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen