Berlusconi diel twa

Hy moat der dochs oan leauwe, ús Italiaanske macho Silvio. De oankleiers wolle him foar de rjochtbank bringe. De maksimale penalty foar syn fergryp is fyftjin jier de sel yn. In kat yn in near makket nuvere sprongen, dus ik bin benijd hoe't er him hjir wer út rêde sil. Want dat sil er, en oars rekt er de saak wol sa lang op dat er dea is foardat er de finzenis yn moat. Hy sil alle registers iepenlûke om mar sjen te litten hoe'n geweldich man er foar Itaalje wol net is.
Frjemd, ik krij in deja vu fan komsa, is hjir yn Nederlân ek net in rjochtsaak geande? Der binne wol wat oerienkomsten. Mar Geert hat lang safolle jild net, en dat is yn Silvio syn foardiel.
Meitsje jim mar klear foar it grutte maffiarjochtbankdrama, it oantal útstjoerings wurdt neier besprutsen. Ik mei hoopje dat se in goede rjochter ha, en dan bedoel ik ien dy't it wat knap bringe kin op de TV. Miskien is Al Pacino yn te hieren, it hat dochs neat mei it finen fan de wierheid te krijen, dus in moaie rol foar Al.
Neat mei it finen fan de wierheid te krijen? Nee, fansels net. De wierheid neffens Silvio is Silvio, wat in rjochter der ek fan fine sil.
Ik sjoch der nei út. In Italjaanske opera, mei humor, triennen en in grande finale, mei yn de haadrol Silvio, dy't, tusken de bedriuwen troch, himsels foar noch in perioade beskikber stelt as premier. Forza!

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen