Arrogânsje

It liket dúdlik dat it CDA en de PVDA de ferkiezings graach ferlieze wolle. Hoed hearde ik op it nijs dat it CDA mei stipe fan de PVDA wol, dat it iepenbier ministearje faker minsken feroardielje mei sûnder dat de rjochter der oer gear west hat. Wêr binne se yn de frede mei dwaande? We libje hjir yn in rjochtsteat dy't minsken straffe mei neidat se troch in rjochter feroardiele binne, net troch it IM. As reden fiere se op dat it in soad tiid besparret. Ja, dat is sa, mar it stiet as in flagge op in strontpream.
It soe net bêst wêze as it IM, dat de lêste jierren hjir en dêr noch wolris in stekje falle litten hat, it foar it sizzen krije soe. In minske mei feroardiele wurde as der fan twa kanten nei sjoen is, de oankleier en de ferdigening. Dat dy lestige abbekaten noch wolris it IM yn de bleate kont sette is fansels swier te fertarren foar de hearen en dames yn toga, mar dan moatte se soargje dat se de saakjes better op oarder ha, en net de ferdigening bûten spul sette.
Mei dizze brike plannenmakkerij besykje de macht wer nei it sintrum te lûken sil de PVDA en it CDA djoer kommen te stean, it is in ûnderskatting fan it elektoraat. (mei ik hoopje!)

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen