Adema

Fannemoarn die ik de radio oan, krekt as alle dagen. Moast ik in promospot fan deputearre Adema oanhearre, dy't by heech en leech sei, dat netsjinsteande dat de chipknip it net die, it iepenbier ferfier goed wurke. De treinen en bussen rieden, ja. Mar as je der hast in kear sa lang oer dogge om fan a nei b te kommen as mei de auto, wurket it dan goed? Trije kertier langer op de hinnereis is oardel oere deis mear reistiid. Kear fiif, dat is hast in dei ekstra wurkjen. Mar, je koenen fêst begjinne mei it lêzen fan de krante, en in moai stikje wurk klear krije op de leptop, brocht de man ek noch yn.
As anty iepenbier ferfierman ha ik in kear op snein yn in trein sitten, en ik moat sizze dat it my min foldie. It wurk dat Adema bedoeld sil grif net folle om de hakken ha, want ik soe gjin letter op papier krije mei dat gejeuzel fan Jan en alleman op de eftergrûn. Hjoed is it moandei, dat fia de mobyl sil grif it ôfrûne wykein besprutsen wurde mei ien as oare freondinne, en krekt wat te lûd. As je wolle of net, je moatte der wol nei harkje. En as de trein in bytsje fol is, hoe woe er it dan dwaan? Leptop by immen op de kop sette as je gjin sitplak ha?
Ferkiezingsgejeuzel, oars net. O, wat ha ik it goed dien de ôfrûne tiid. Ik sil him noch wat fertelle: dy krante? Dy komt middeis, en dy ha ik de oare moarns al út.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen