Robotmeaner as feilige haven
It is hjoed in moaie dei, want niis ha ik offisjeel it gersmeanen fan it jier 2024 op ús hiem as klear ferklearre. Net dat ik dêr in soad oan dien ha, ús robot rêdt him dêrmei. Soms is er even it paad kwyt, mar meastentiids docht er it prima. In jier as wat lyn ha ik de flater makke om it apparaat foar it opromjen mei de hegedrukspuit skjin te meitsjen, mar dat wie gjin goed plan. De monteur hat er de oare maitiid nochal wat wurk fan hân om him wer oan de praat te krijen. Dus moast ik him drûch skjinmeitsje, mei perslucht. Doe't ik de kappe der ôf die om ek in binnenwurk skjin te meitsjen, bliek dat de robot dizze simmer mear taken op him naam hie as allinnich meanen. Yn it motorkompartimint wie in prachtich moai nêst makke dêr't neffens ús in fjildmûs de hiele simmer gebrûk fan makke hat. Oan de restanten fan wat er nei binnen sleept hat meitsje ik op dat der ek jongen yn op de wrâld kaam binne. Dy't dus as yn in buggy in kear as wat yn de wike oer ús hiem riden binne. Du