Posts

Twa petearen op freedtemoarn.

Afbeelding
  Twa petearen   Hjoed hie ik oant no ta twa petearen dy’t ik even mei jim diele wol. Ik sil gjin nammen neame, dêr giet it ek net om, it giet oer de ynhâld. As earste krige ik in telefoantsje fan in dame dy’t my attindearre op eat dat mei myn wurk te krijen hat. Omdat de namme fan de frou my bekend foarkaam, frege ik wêr’t se wenne. Foardat we it wisten wienen wy yn petear oer har bern en al dy frachtweinen fol feefoer dy’t ik foar harren laden hie doe’t ik noch yn Snits wurke by wat doe Koudijs Wouda hjitte. Op myn fraach hoe’t de bern de hjoeddeistige konjunktuer yn de lânbou en de polityk belibben, kaam in ferbittere antwurd. Generaasjes hurd wurkjende minsken wurde mei in pinnestreek omtsjoene ta net mear winske. Se neamde in foarbyld, lisbatterijen binne hjir al jierren ferbean. Wat de griene tsjerke net wit, of net witte wol, is dat der massaal aaien út oare lannen ynfierd wurde, dy’t dêr produsearre wurde yn: Jim riede it al. Grutte kâns dat de meast fanatike tsj...

Hongerwinter

Afbeelding
  Sneontemoarn. Bûtendoar is it in graad as seis, mar neffens de berjochten sil it in bytsje winterich wurde. Dat is moai, want dan kinne we wer wat fleuriger gesichten sjen yn dizze djiptryste perioade. Juster spruts ik mei immen dy’t fan bern ôf oan sjoernalist wurde woe en it ek wurden is. Op myn fraach oft er noch wolris nei syn âlde baas harke, wie it antwurd nee. ‘Oars wurd ik lilk en dat ha ik der net foar oer.’ It die my tinken oan it beslút dat ik in jier as wat lyn ek naam ha. Gjin talkshows mear, gjin jeuzeljende randstedelijke D66 NPO radio-babbelboksen. Fan de âld baas fan de sjoernalist hie ik yn 2017 al ôfskie naam. Ik ha in eed ôflein om nea te sizzen wêrom, dus dat doch ik ek net.   Mar as ik sa troch de wike wat om my hinne freegje, bin ik net de iennichste dy’t de brui der oan jûn hat. Sterker, ik moat stadichoan myn bêst dwaan om noch guon te finen dy’t noch wol de muoite nimme. De koers fan wat ea fielde as ‘fan ús’ is ferwurden ta in platprogramearre br...

Wêr is de humor yn Fryslân bleaun?

Afbeelding
  It wie oan de ein fan in waarme middei yn de neisimmer doe’t myn frou en ik fan it strân nei ús hotelkeamer rûnen. Flak foar it doarp stie oan de rjochterkant op in parkearplak in feesttinte. Doe’t wy der del kuieren, hearden wy it kraaiende lûd fan in frou dy’t hast net mear bykaam fan it laitsjen. It wurket mei laitsjen sa dat as je ien laitsjen hearre, josels faak ek in glimke net ûnderdrukke kinne. Sjoch mar ris nei filmkes fan laitsjende lytse poppen, it duorret mar even en jo laitsje mei. Dizze feesttinte stie oan de râne fan Nes, op it Amelân. It ûnmiskenbere stimlûd fan Lytse Teake wie troch de boksen te hearren en de oanwêzigen koenen syn humoristyske sketsjes wol wurdearje, ôfgeand op de respons. Humor as doel fan in moaie neimiddei. Kom dêr yn it tsjintwurdige Fryslân mar ris om. Is der noch humor yn Fryslân? Eartiids hienen je Akke Radsma, Rients Gratama en Lytse Teake dy’t de sealen yn de provinsje bespilen. Platspilen, moat ik sizze. Mei humor. Simpele humor, me...

Kom op mei #PS2023!

Afbeelding
      It jier 2022 leit achter ús. No net daliks 365 dagen dy’t je as al te fleurich omskriuwe kinne. It jier fan it bleatlizzen fan grutte, djippe en fûnemintele ferskillen tusken regio’s en de dêrby hearrende ynsjoggen. Want wat de deskundigen der ek oer te sizzen ha, dy ferskillen ha nea sa helder yn byld west. De tûzenen omkearde flaggen by de snelwegen hingje der net foar neat, wat de media jim ek leauwe litte wol. Yn in pear jier binne de plattelanners en ridders fan de woeste weagen dy’t harren al generaasjes lang bekroadzje om de wrâld fan sûn iten te foarsjen, feroare fan nasjonale helden mei ynternasjonaal oansjen, ta de paria’s fan it kabinet Rutte4, de EU, it WEF en it domme klootjesfolk dat dêr braaf achteroan rint en net mear sels neitinkt. Yn grutte wurden roppe ús folksfertsjintwurdigers dat se dwaande binne mei in wet wêryn’t politike partijen dy’t neffens harren net yn in demokratysk model passe, ferbean wurde kinne. Resinte foarbylden yn de skiedn...

Leon de Winter syn wichtige argeleasheid

  Sneintemoarn nei de kofje siet ik wat te zappen. De werhelling fan Match of the Day, de 875e auto dy’t Wheelers Dealers opknappe, datsoarte wurk. En noch in prachtich programma oer Britske buorkerijen, mar dêr sil ik hjir mar net fierder oer fertelle, want dat past net yn de konjunktuer fan it giftige Nederlân anno 2022. Ik zapte troch en kaam út by Busines Class mei Harry en Suze Mens. Ik tink dat it yn de top 5 fan langst besteande programma’s op de TV stiet. It format is nea feroare, jo keapje josels yn om wat oer jo bedriuw te fertellen en soms is der in politike gast. De linkse kant fan Nederlân sjocht der allinnich stikem nei, want it giet altyd oer jild en jild is in fiis wurd. It programma is yn de rin fan de jierren hast in parody op himsels wurden, mar soms komme der gasten mei in echt ferhaal. Snein wie Leon de Winter útnûge. Dat is in skriuwer fan Joadske komôf en hy skriuwt kollums foar De Telegraaf. Dus stiet hy by boppeneamd Nederlân yn it foar al mei 2-0 ach...

Polarisatie

Afbeelding
  Een maand geleden ben ik (voorlopig) gestopt met berichten op sociale media te plaatsen. Dat was na de aankondiging van de regering dat ze bij nood het leger in zouden zetten tegen de beroepsbevolking die dagelijks voor hun eten zorgt. Mijn plaatsvervangende schaamte was onmetelijk. Ministers die klagen als ze een bezoekje aan huis krijgen van wanhopige mensen. Hard werkende mensen waar die ministers figuurlijk dagelijks aan de keukentafel zitten. Het ene mag wel, het andere wordt scherp veroordeeld. De inbreuk op privacy weegt blijkbaar bij de een hoger dan bij de ander. De urbane media die zich van de meest onvriendelijke benadering bedient en vol op het orgel gaat als er een snelweg wordt geblokkeerd. Ja, heren en dames van het journaille, jullie rol wordt genoemd. De stedelijke onwetendheid op die verfoeide sociale media waar reageerders lege schappen in de supermarken wijten aan het feit dat de vrachtwagens de distributiecentra niet kunnen verlaten, niet (meer) beseffend ...

Besunigje op kultuer, ja of nee?

Besunigings, wol as net terjochte?   It wachtsjen duorre mar in dei as twa, je koenen de klok der op gelyk sette. As ergens it wurd besunigings falt, is de oansprutsen sektor daliks ree om de oerheid oan te sprekken op it feit dat se no dochs wol hiel dom dwaande binne. De gebrûklike opmerkings komme foarby: ‘Dit komt hard aan’ ‘Onbegrijpelijke keuzes’ ‘Geschokte reakties’ ‘Verbijsterend’ ‘Een harde klap’ ‘Dieptriest’    Binne dy reaksjes terjochte? Ik neam even in foarbyld. Besunigje op de soarch is ien fan dy maatregels dêr’t Keamerbreed en yn alle kranten, praatprogramma’s en oare media steefêst fûl op reagearre wurdt. Is dat wol terjochte? Antwurd op dy fraach is nee. Want der is in wrâld te winnen as it op soarch oankomt. It jild giet foar in grut part nammentlik nei lagen yn de organisaasjes dêr’t lju wurkje dy’t út klearebare ferfeling neat oars witte te produsearjen as nije protokollen dêr’t ‘de handjes’ oan de bêden harren dan wer oan hâlde en yn byspiker...