Posts

De malêse by Sportklup Hearrenfean

SC Heerenveen en Oerol Heech tiid om jim wer efkes by te praten oer de stân fan saken by SC Hearrenfean. Nee, net dy op it fjild, dêr wurdt nimmen mear waarm as kâld fan. Hjoed pakt de VI út mei mailferkear wêryn’t de Ried fan Kommissarissen harren lêste stikje kredyt ferspylje. En dan hat Stikelstekker noch in pear saken om oan jim te fertellen. Dit alles yn it ramt fan ‘Transparatie en In Nije Dei’. Wy skriuwe july 2012. Sportklup Hearrenfean is op stjerren nei dea. Der is in hierefterstân fan 5 miljoen. Yn in mail skriuwe de hearen fan de RfK oan direkteur Robert Veenstra: 'Hé maat, we helpen je te blijven.' Robert Veenstra krijt een BONUS. It goede wurk moat beleane wurde, sa giet dat. Efkes yn de efterholle hâlde dat soks troch seisoenskaarten en sponsers betelle wurde moat, wylst it dochs om de prestaasjes op it fjild gean moatte soe. Lit ik der nochris by fermelde dat de stimferhâlding yn de RfK 3-2 wie. Dus dêr is de sfear ek tige. It stjoeren fan in brie...

Wervingsaksje Sportklup Hearrenfean

Afbeelding
SC Hearrenfean organisearret ikoansmiten ‘Wy ferwachtsje nije oanwaaks seizoenkaarten troch dizze aktiviteit.’ Fan de eveneminten redaksje HEARRENFEAN- Sportklup Hearrenfean set op in wol tige bysûndere wize syn ikoanen yn de skynwerpers. Midden yn de winterstop, 29 desimber, sille trije noch libjende ikoanen âlderwetsk oan in skandepeal nagele wurde, wêrnei’t minsken sûnder klup as seizoenskaart mei fervebommen op de manne smite meie. Dit alles sponsere troch in net neier te neamen fabrikant fan spuitbusferve earne yn Fryslân. Direkteur Robert Veenstra lei de saak út: ‘It idee is goed trochtocht. Wy sette Klaas de Jonge, Riemer van der Velde en Foppe de Haan yn om it skeinde betrouwen wer in boost te jaan. Jo ha ien: de minsken wer ris yn it stadion en twa: de ôfdieling marketing hat trochrekkene dat soks wolris in pear hûndert nije kaarthâlders opsmite kin. In dúdlike win-win situaasje, past ek prima yn ús lange termyn programma In Nije Dei. Oare wegen ynslaan....

Fan wat?

Afbeelding
En? Moasten we ek noch earne wat fan fine? Fan in boargemaster dy't om in relaasje bûten de doar yn 'e steun komt? Fan in foarsitter dy't om relaasjes aanst it lid op de noas krijt? Fan de kop dat boeren wer opfolgers ha? Fan in oare kop dy't seit dat der allinnich mar grutte boeren oerbliuwe? Fan tasichthâlders dy't neat dogge? Fan oare tasichthâlders dy't neat doarre? Fan taal? Fan korpulente 40ers dy't op in studentikoos eilanner festival sûnder sjêne dûnsje? Fan in foarsitter dy't seit dat er neat ferkeard dien hat? Fan in no al elite festival dêr't nimmen wat fan snappe sil? Nee, lit mar. It is fierstente waarm. Ik jou my del.

Lazy - Jimmy Barnes & Joe Bonamassa

Afbeelding

Gjin bloch

Afbeelding
Sorry, hjoed gjin bloch. Smoardrok hân. Mar efkes in sankje dwaan? Ook nog in het Nederlandsch, het moet niet maller worden, zeg.

Foto foar de direksje en RfK fan SC Hearrenfean

Afbeelding
Soms moatte je efkes neitinke oer hoe't je minsken oan it ferstân peuterje kinne dat net sy, mar in oar der op ien as oare wize foar soargje hat dat sy no sitte dêr't se sitte. Ek soe it foar guon jildsjitters, dy't de saak no wol tige op de spits driuwe, goed wêze om efkes werom te tinken. Wie de schoen past...  En dat harren ego nea it wol as net bestean fan dizze feriening oerstige mei. Want hokker spilers, treners en foarsitters der ek west ha, de klup har grutste ikoan is dochs dizze man.

Kloaten fan de bok op de buertbarbeknoei

Afbeelding
It is alle jierren wer ien fan de sparsume hichtepunten yn it ûnderhâlden fan de kontakten mei it folk om jo hinne. De buertbarbeknoei. Juster wie it wer safier. Waardeloaze plenning, want hjoed is it heitedei en myn brochje op bêd skeat der dus by yn omdat de frou en ik de kofje al op hienen foardat it neiteam fan boppen rûgele. Hawar, de oranjekoeke smakke der net minder om. Dit jier is alles oars, tegearre mei myn buorman bin ik dus yn jannewaris (7) opholden mei smoken, guon oaren dogge dat mei drank, lies ik niis yn in ferslach fan de poalflakte. Foar beide is wat te sizzen, mar om no twa dingen tagelyk te dwaan liket my net goed, wy moatte net te mâl en oerdriuwe is nea goed, in man skynt boppedat ek poermin yn it multitasken te wêzen, oft dêr ek in Frysk wurd foar is wit ik wier net en ik bin alhiel net fan doel om der om te sykjen. Dus steane jo op sa'n jûn de godgânske tiid om jo hinne te snuven, omdat je dan legitym noch ris in jûn gewoan meismoke kinne. Ik bin dê...