Posts

Grote argewatie in het Feen

De hiernavolgende waarschuwing betreft alle volk dat zich op 's heren wegen in en om het Feen durft te begeven. Het kan u en de uwen overkomen dat u wordt ingehaald door een man op leeftijd, die een straffe sprint achter den Rolls Royce op de krees geplaveide weg neerlegd. Waak ervoor dat u niet uit het veld geslagen wordt door deze demonstratie van puur atletisch vermogen, en vervolgens om een boom heen teert. De kreze atleet is namelijk de pater familias van den Snippen, die druk doende is met zijn wederopstanding. Zulks gaat gepaard met spetterende demonstraties in en om het drukke centrum ter plaatse. Het kan gemotoriseerd, met den benenwagen of stilstaand op den fiets zijn, dat u met dit fenomeen geconfronteerd wordt. Een Snip is nu eenmaals niet voor twee gaten te vangen, laat staan voor drie. Ik mag u mededelen dat op grond van den plaatselijke verordening, en tevens na ingravend overleg met de er in deze zaak toe doende overheden, besloten is deze situat...

STATUS QUO - 4500 TIMES.wmv

Afbeelding
Dit is de komplete!

Warskôging foar in bever. (Alwer? Ja.)

Sjoch no wol! Dêr ha je it gemiter al. Wêrom moatte minsken oeral mei de fingers oan sitte te peuterjen. We gean efkes werom nei 6 maaie. http://stikelstekker.blogspot.com/2011/05/ed-en-willem.html  Toe mar! Klik mar oan. Krekt. De Bever. En hjoed? Spoaren fan in bever fûn yn de Alde Feanen. En wij wisten niet waar de bever wegkwam. No, ik wol. Dat is de wederhelte fan dat earme bist dat se nei ien dei oansterkjen nei Drinte brocht ha. Fan Langwar nei de Alde Feanen is foar in bever mar in loopke. En dy bever út Langwar mankearre neat fansels, oars hienen de animalcops gjin tastimming jûn om it bist te ferfieren. Jo binne in jong, fereale beverpear en wolle hiel wat oars. Dus, mar nei it noarden ta. Manleaf bedarret yn Langwar. 'Ik sil efkes sjen hoe't it dêr liket,' seit er. Net frjemd, want se binne hjir noch nea earder west. De rest is skiednis. It stumper dat rêstich yn de Langwarder Wielen lei te wachtsjen, is dwers troch alles hinne fan luddevedu mar it Margrie...

Steatslotterij

Oer in pear dagen is it wer de tsiende fan de moanne. It sil je oerkomme. De haadpriis hoecht net, mei de helte bin ik ek wol op 't skik. Wat soenen jimme dêr no mei dwaan? Al dy sinten? Daliks ophâlde mei wurkjen. Dat hearre je in soad. In bult skite op it buro fan de baas, ek in kronkel dy't guon ha. Nije auto, Porsche, Ferrari of in Harley D. Grut hûs oan de râne fan de mar, grachtenpandje, twadde hûs yn Monaco, kinne je dy oersaaie Formule 1 thúswei sjen. Oaren, dy't wat minder oan harsels tinke, sizze dat se fuortendaliks de helte oan in goed doel jaan soenen. Alles oan in goed doel jaan ha'k noch nea immen sizzen heard, it bliuwe minsken, no? Reizgje, ek sa wat. Alles efterlitte en in jier as wat mei in boat fuort. Ien probleemke, it is al faak de tsiende fan de moanne west, en ja, as ik no om my hinne sjoch? Neist my leit Het handboek begraven en begraafplaatsen, útjûn troch it LOB. Wit ik ek wer wat ik moarn dwaan moat.

Plús

It lege BTW taryf ferheegje nei 19% leveret de skatkiste 9.2 miljard euro op. Dat giet der foar in VVDer yn as in preek yn in âlderling. Kassa! Mar wat betsjut dat no? Frans Humbertus Henricus Weekers, berne yn 1967, de steatssekretaris, wie earder de man efter it ferheegjen fan de BTW op de poadiumkeunsten. Hy komt út Weert, hat ekonomy en rjochten studearre oan de VU yn Amsterdam. Syn baantsjes oant no ta binne: juridysk meiwurker fan in Assurantietussenpersoonbedrijf, wat dat dan ek mar wêze mei, advocaat en procureur te Weert, lid fan de twadde keamer, en dan bin ik fêst noch wat snobberijkes ferjitten. In soad feeling mei de wurkflier, mar dat hienen jimme der ek al út filtere, nim ik oan. Bôle en boeken falle ûnder it lege BTW taryf. Libbensmiddels dus. Dat is foar ditsoarte minsken en har meiwurkers in non issue. Foar in skieden mem yn de bystân wol. Dat dy grutte groep minsken net mear in kear as wat yn it jier nei in teater kinne, as se dat al ...

Byleauwich

Stoere keardels hear, dy iishockeyers út de National hockey league. Hast oan de ein  fan it seisoen komt de klimaks: de finale om de StanleyCup. Dan kinne se hjir yn Europa wol miene dat der in wichtich WK organisearre wurdt, mar der leit nimmen wekker fan it feit dat Finlân him de bêste fan de wrâld neame mei. Alteast net yn Vancouver, Tampa en Boston. De Canucks út Vancouver ha harren pleatst foar de finale. 4-1 tsjin San José, dat is ek gjin plak foar iis, no? Boston en Tampa, de Bruins en de Lightning, binne fûleindich dwaande om de tsjinstanner te wurden. Ik kom al sûnt ik in mantsje fan in jier as tolve wie sa no en dan by de Flyers. Eartiids, doe't de grutte baan noch net oerkape wie, slûpte ik de kantine yn, en ferskûle my efter de gerdinen, dy't ticht wienen as de mannen spilen. De hal stie blau fan de reek en stampte der oer. Machtich, Tony Collard wie myn man. Eltse kear stiif útferkocht, it libbe as in hert. Dat is no minder, mar as de hearen y...

"At Seventeen" by Janis Ian {lyrics}

Afbeelding
Omdat wy hjoed 17 jier ûnder ien dak wenje, mei alles wat dêr by komt, mei oare wurden: it koe minder!!!