Langst

Bedoarne Hannel

Nei oanlieding fan de ferline jier ferskynde roman Bedoarne Hannel naam beflein manager Nynke Andringa fan de biblioteek fan It Feen kontakt mei my op. 'Eins wol ik dêr wol in Fryske jûn omhinne organisearje,' sei se.

Dan begjinne je nei te tinken oer hoe en wat. De tematyk yn it boek is swier, minskehannel. Mar moat it hjoed-de-dei allegearre mar lang leve de lol? Wat my oanbelanget net. It mei ek wolris wat minder fleurich. It boek sit oars genôch humor yn, mar it ûnderwerp is net sa om te laitsjen.

Lokkich wienen der twa minsken daliks ree om op de jûn mei te wurkjen. Nicole de Boer fan Fier, it opfanghûs en folle mear fan froulju en jonges dy't op ien as oare wize yn it ferkearde miljeu kaam binne. Dêr flak njonken it plysjeburo yn Ljouwert dogge se dei oan dei goed wurk. Want der is in soad ellinde dy't jo en ik net alle dagen sjogge. Twongen prostitúsje op faak al jonge leeftyd, of op in oare wize misbrûkt, tramtearre of lamslein wurde. De wrâld is net fol mei blomkes en leave minsken. Spitich, der sit ek in inketswarte kant oan.

Net sa aardich om nei in jûn oer sa'n swier ferhaal? Moah, wy ha gjin wanklachten krigen.

Kees Arendz fan de resjerzje heakke moai oan by de ferhalen oer fierstente jonge bern yn it near. De ûndersiken nei soksoarte saken binne faaks dreech en duorje lang. De metoaden fan de loverboys en poaiers wurde mei de yntree fan it digitale tiidrek al mar minder te trasearjen. Mar it mei nea in reden wêze om der net mei troch te gean.

Sa wienen der juster op De Jouwer samar twa oeren om. Jan, Libbe, Jari en Karen, de haadpersonaazjes yn it boek, hymje my yn de nekke. Se sille geduld ha moatte, ik ha te min oeren yn in dei. Spitich?

Ach, wat meitsje ik my drok. Lokkich waakst it gers wer. Ha je wat te dwaan. Ferset de sinnen en jout tiid te tinken. Noch mear klisjees? 


It siedde gerssied sil alle swarte en iepenbrutsen plakken wer grien kleurje. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen