maandag 30 maart 2015

Doping yn wielrensport

Neffens in rapport fan in kommisje dy't wurke yn opdracht fan de UCI, it ynternasjonale hurdfytsbûn, bestiet yn hurdfytslân noch altyd in dopingkultuer. Ik nim oan dat dy lju dat net fergees dien ha, sa'n ûndersyk. Mar de sinten dy't se dêroan bestege ha hienen se better oan ien as oar goed doel jaan kinnen.

De wielersport is in ferrotte wrâld. Yn 1978 besocht Michel Pollentier in dopingskommisje te ferrifeljen mei in kondoom trúk. Hy wist wol dat er fout siet, mar betocht dat er wol in rubberke fol suvere miich ûnder syn earmtakke meininne koe. In slange der yn om it testfleske fol te jitten en de kontroleurs bedonderje. De wielerleafhawwers sille dit grif as grutte jonges fuortlaitsje, sa as se alles fuortlaitsje as it oer harren sport giet. De heroyk boppe alles. De leafde foar in fout feestje dript der fan ôf.

Ik sil jim in stikje lêze litte oer hoe't se dat ek wol dienen, mei dy kondooms. Lees en huiver.

 ‘Michel haalde het EHBO-kistje boven. Dat was niet wat je denkt. Er zaten condooms, gummibuisjes, een paar dikke veeartsenspuiten, kleefband en pleisters in. Daarmee omzeilden we de dopingcontroles. Het condoom moest van stevige kwaliteit zijn, van het soort zoals ze toen in het leger gebruikten. Daar werd het slangetje mee verbonden, door het erin te steken – niet te diep, zodat het condoom niet werd beschadigd en de urine vrij zou kunnen lopen – en het rond het condoom af te binden met een soepel metalen ringetje.'

En nu komt het: ‘Met behulp van vaseline werd het condoom met slangetje ingebracht in de anus. Dan werd met de spuit urine via het slangetje in het condoom gespoten. Onbezoedelde urine natuurlijk, van een ploegmaat, of van een verzorger, of van de renner zelf, die, voor hij de doping had genomen, een thermos vol geplast had.' Een thermos? ‘Omdat de urine zijn lichaamstemperatuur moest bewaren. Je kunt moeilijk een ijskoud monster in de handen stoppen van een dopinginspecteur. Als er voldoende urine in het condoom was gespoten, werd het slangetje met wat tape aan de onderkant van de penis vastgemaakt en afgeknipt ter hoogte van de eikel. Dat was uitkijken natuurlijk. En de aanwezigheid van dat condoom leidde bij veel renners een beetje tot een waggelgang op weg naar de controle, precies of ze met een ei zaten.
Boarne: Sportwereld

Opnij tink ik dat de echte fytsfan sit te gnizen by sa'n stikje. Leuk, jonges. Dat wienen nochris tiden.

Mar litte wy in no ris oer de bêste renner fan de lêste 20 jier ha. In Amerikaan. Geweldich wat de man prestearre hat. 7 kear de Tour wûn! Sterker, hy hat ek noch kanker oerlibbe. Superman. Echt. Wat in karakter, in rolmodel om op in sokkel te setten.

Hè? Wat no? Binne de echte fans no net posityf? Wat hat Lance Armstrong oars dien as de renners by Astana en alle oare foute teams? Hy hat de kluit besoademitere, mei machtsmiddels dy't fier rikten. Oaren ha dat ek dien, mar wat minder prominint.

Nuvere selektive lilkens.

De kommisje CIRC, dy't mei de net echt ferrassende konklúzje oer it hjoeddeistige doping gebrûk yn it hurdfytsen nei bûten kaam, hat mei 174 minsken praten. Yn en om de sport. 39 minsken anonym. Passaazje út it parseberjocht:

Tot de getuigen met wie de CIRC sprak, behoren de oud-renners Lance Armstrong en Michael Boogerd en de huidige wielervedette Chris Froome, winnaar van de Tour de France in 2013. De inhoud van de individuele verklaringen is niet openbaar. Boarne: NOS

En no? Twa fytsers dy't beide sa fout as de neten wienen. Dêr moat dan in earlik ferhaal út komme? Liket my net foar de hân lizzend.

Mar alleeeee, het is koers! Alles is ferjitten en eltsenien is suver en skjin oant se betrape wurde. De bosk van Wallers wachtet!
  

Geen opmerkingen:

Een reactie posten