Dit ferhaal is net betocht, mar hat him ôfspile op 12 maart 2015.



It leavehearsbistke

De tsjinst wie noch mar krekt begûn, doe foel it each my der al op. In lyts warber bist dat oer de swarte moarmeren fliertegels hinne-en-wer skarrele. Ik seach oerside en fernaam dat de frou him ek yn de peiling hie. It wie in leavehearsbistke. Wy sieten as hûshâlding op de earste rige, flak by it ferhege poadium. It each op de kiste en de dûmny, mar lokkich ek op it lytse, moaie en drokke dierke. Dat joech wolkomme ôflieding.

De sinne skynde troch de ruten fan de Skoattertsjerke, it waar wie eins te moai om in begraffenis te hâlden, mar soks kinne jo net altyd foar wêze. Dizze kear al hielendal net, want wy wienen mei mem, broer, sus, oanhang, pakesizzers en in hiele soad oaren dwaande om heit nei syn lêste rêstplak te bringen.

It leavehearsbistke hie dêr grif gjin noasje fan, tocht ik. Nochris, de sinne skynde fûl en foarme in skerpe skieding tusken ljocht en skaad op de kâlde swarte tegels. Begjin maart al in leavehearsbistke yn in tsjerke. Ik tocht: Hy sil hjir grif wenje, mar ik fûn it plak al wat nuver. Wat moat sa'n bist no yn in troch de wike grif iiskâlde tsjerke? Hoe dan ek, de frou en ik hienen der aardichheid oan. It frjemde wie, dat er net yn it skaad gie, mar sekuer de skieding fan de waarme sinnestrielen as freding like te beskôgjen.

Wylst dûmny in yn memoriam útspruts dêr't er heit syn libbensferhaal fertelde, rûn it ingeltsje syn rûntsjes. Ik frege my ôf wat er by de ein hie, want fretten like op dy swarte flier net daliks foarhannen. De koster hie de stofsûger der oer helle, sa kreas as wat.

Heit wie net fan de lange preken, dat hienen wy dûmny goed ynprinte. Nei in pear moaie stikken muzyk en noch in sprekker moast it wol sawat dien wêze. It leavehearsbistke die in kear as wat syn wjukken iepen en dêrnei wer ticht. Hy ferfolge syn iisbearjen skerp ôfbeakene troch de skieding fan ljocht en tsjuster.

Krekt as waard er wat ûngeduldich.

Oan de ein fan de gearkomst mocht ik ek noch wat sizze. Net te lang, ien kantsje A4 wie lang genôch. It measte wie al sein. Doe't ik myn praatsje dien hie, werom rûn nei de houten bank en my deljoech, seach ik it bist net mear. Miskien wie it weikrûpt yn in naad of sa. Jammer.

Letter op de dei, doe't alles oan kant wie en wy thús nei sieten te praten, kaam it praat op it leavehearsbistke. It die bliken dat we der allegearre aardichheid oan hân hienen.

Mar doe kaam it.

'Moatst heit efkes fertelle hoe en wat,' sei de frou tsjin junior.
'O ja, oer dat leavehearsbistke dat foar yn tsjerke siet?'
'Ja, dat.'
'Dat fleach op myn knibbel doe't heit syn ferhaaltsje die.'
'O, wat apart,' sei ik.
'En wannear fleach er fuort?' frege de frou.
'Doe't dûmny de segen útspruts is hy fuortflein, presiis op dat momint,' sei junior.  

Heit wie in warber man. Altyd hinne-en-wer skarrelje. En hy hie de lêste jierren in hekel oan kjeld, leaver mocht er oer de sinne.


Soe er ús allegearre by de poat hân ha? Oanwêzich wêze by syn eigen begraffenis en doe't de segen kaam it de heechste tiid fine om fuort te fleanen?        

Reacties

  1. Gode ​​dagers venner, jeg heter Bea van Linschoten-Wagenaar fra Radevormwald, fritesland, jeg er lege lege av yrke, 47 år gammel. Les mitt sanne livs vitnesbyrd. Jeg har en positiv intensjon om at denne informasjonen vil hjelpe noen som leser denne artikkelen akkurat nå til å gjenopprette ødelagte ekteskap og gjenopprette tapt kjærlighetsforhold i løpet av to dager. Etter å ha vært i forhold til Grønseth i årevis, brøt han opp med meg, jeg gjorde alt for å få ham tilbake til å elske meg, men alt jeg gjorde var forgjeves, jeg ville ha ham tilbake så mye på grunn av kjærligheten jeg har til ham, jeg spurte ham med alt jeg har, jeg ga løfter, men han nektet. Jeg forklarte problemet mitt for kollegaen på jobben, og hun foreslo at jeg heller ville kontakte en kjærlighets spellcaster som kunne hjelpe meg med å stave det tilbake, men jeg er den typen personer som aldri trodde at kjærlighetsforestillingen eksisterte eller fungerte, jeg hadde ikke noe valg men for å prøve det, sendte jeg e-post til spellcaster-kanalen, og han fortalte meg at det ikke var noe problem at alt skulle gå bra før tre dager, at eksen min vil komme tilbake til meg før tre dager, han kastet Love spell-delen i luften og overraskende den andre dagen var det rundt kl. Min eks-kjærestepartner ringte meg på mobiltelefonen min, jeg var så overrasket over at jeg svarte på telefonsamtalen, og alt han sa var at han var så lei for alt som skjedde at han ville at jeg skulle komme tilbake til ham, at han elsker meg så mye . Jeg var så lykkelig, og det var slik vi begynte å bo sammen lykkelig. Slik kan du nå ham hvis du trenger hjelp doctorigbinovia93@gmail.com eller whatsapp på +2349014523836 ta ting for gitt og det vil ta fra deg ......

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen