dinsdag 13 januari 2015

Tagongsdyk sporthal De Splitting is in drama

Us bern sitte op in sport. Soe foar ús ek net ferkeard wêze, mar dat is in oar ferhaal. De froulju sitte op volleybal yn Drachten. De Hoofdplaats. Yn Drachten ha se in prachtige sporthal, se ha se wol mear, mar de Splitting is in moaie akkomodaasje.

It lêste healjier is de reis der hinne net sa'n pracht. Fan de minirotonde ôf, moatte jo in paad sykje troch wat it meast hat fan in mynfjild. Se binne dêr earne mei dwaande, sil wol rioel wêze of sa. De training begjint as it al tsjuster is, dan is it hielendal in drama, je sjogge inkel glimmende wetterplassen. En it is ien fan de drokste stikjes dyk yn Drachten. Want der sitte lokkich in soad bern en folwoeksenen op in sport.

Hat de gemeente Smellingerlân no net mear in pear sinten oer om dat stikje daliks folslein mei rydplaten oan te pakken? Nim my net kwea-ôf, mar op de Veenhoop ha jim fiif jier lang kosten noch muoite sparre om in iepenbrutsen stikje dyk fan 200 meter mei rydplaten te bedekken. Foar €7500.00 ex BTW yn it jier.

Of binne jim dat allegearre al wer ferjitten? No, it is hjir nei te lêzen. En dêr op de Veenhoop kaam lang safolle ferkear net del.

Hoe lang moat rekreatyf sportend Drachten dizze ellinde by de Splitting noch meimeitsje?  

1 opmerking:

  1. Gemeenten hebben nooit ergens geld voor.
    Plotseling vinden ze nog een potje als de kamer van de burgemeester verbouwd moet worden,of de wethouder een nieuw bureau nodig heeft.
    Maar sport nee helaas.

    BeantwoordenVerwijderen