Logo fan in ikoan

Wy ha hjir yn Fryslân in oantal ikoanen dêr't we yn opdracht fan de kulturele elite ferplicht wiis mei binne. In pear foarbylden mei in koarte útlis der by:

De ko (ding op fjouwer poaten dat molke jout. Nee, dat komt net út de fabryk. Ien ko, twa kij)
It hynder (swart ding op fjouwer fuotten, kin moai gean. Ien hynder, twa hynders)
De greidefûgels (gjin sijsjes en/of drijfsijsjes, mar waadsijsjes, Frysk eigen. Ien, twa, poef, dea)
Jan Jaap van der Wal (058, need I say more)
Lytse Teake (Ek op It Amelân yn feestinten te boeken)
Akke Radsma (Net mear te boeken, sels net oer de hage. Wol op youtube werom te finen)
Harm Niesen (eh...)

Dy lêste komt mei stip binnen. Hy makket in grutte kâns it nije gesicht fan Kulturele Haadsted 2018 te wurden. De man dy't it ferdomde Fryske folk einliks fan 'het eierrapen' genêzen hat. Hy komt postúm noch alle jierren klear as de ljip wer oer de wjuk giet. Teminsten, as de lêsten net as in Frânske snack roemleas ferdwine yn in Frânske kiel. Of troch de oerfloed oan predatoaren opfretten wurde. Mar dat is de miljeuhyena en oare proazaskriuwers yn de hobbykrante fan it miljeufolkje net oan it ferstân te prutsen. Syn en harren krústocht tsjin 'die Friezen' hat him en harren ferbline. Klear, de man en syn folgelingen moatte harren bêst fierder mar dwaan, ik wie al klear mei it aaisykjen doe't je dêr in kaart foar oanskaffe moasten. In stânbyld foar de man oan it begjin fan de Ofslútdyk. Kontrastearret moai mei de dûbele rige wynmûnen dy't dêr komme. Mei beide ha ik totaal gjin probleem. As je it goedkeap oplosse wolle kin de iene kant fan de stiennen man wol in makeover krije. Harm bliid.

Wêrom it gesicht fan KH2018, freegje jim miskien? No, ik sjoch grutte oerienkomsten tusken it nije logo en de holle fan Niesen. Hy moat hast wol model stien ha. Syn ultime wraak op het 'eierrapende' folk. Hoe ferbalje jo it grutste ikoan dat Fryslân hat? No, lit in ûntwerper mei nul, komma nul gefoel foar de matearje in nijwerwetske draai oan in pompeblêd jaan. Dan krije je dit. Jasses. Wat in wanprestaasje. Freeslik.

 




Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen