Ik ha in hekel oan mûzen

PIIIIP...

Ik bin benaud foar brune rotten, mar dy sjogge je net sa faak. Muskusrotten binne ek brún, mar dy ha mear fan bevers. Eartiids sieten wy te fiskjen yn it kanaal tusken Oranjewâld en De Knipe, dan swom der wolris ien foarby mei in pôle reiden yn de bek. Ek passearre der wolris in ringslange. Dy bisten hienen net folle kwea yn 't sin. Dy muskusrotten ha de pech dat se de iggen ferniele, dêrom moatte se bestriden wurde, oars komme der tefolle.

Ik ha in hekel oan mûzen. Altyd al hân. Ik fyn it ferfelende bisten. Wy hienen op de pleats twa wc's. Ien oan de ein fan de gong, mar yn de skuorre op de deel wie ek ien. Mocht it sa wêze dat jo hastich út de broek moasten, koenen dêr de learzens oan bliuwe. Net dat it húske smoarch wie, it waard kreas skjin holden, krekt as it húske yn de gong. Mar jo hienen de stjonkerij yn hûs net. Yn de simmer wie it ek gjin straf. Der siet in kreaze lampe yn, mei in 75 watt pit. Gjin Hepkema oan in spiker, mar gewoan in rôle papier.

Ien ding wie ferfelend oan it húske yn de skuorre. Under de doar siet in kier.

It toilet wie situearre tsjinoer it keallehok. Gjin probleem, dy bisten seagen net oars fan immen mei as sûnder broek om it gat, mar der wienen ek oare bewenners. By it maitiid, as de keallen al in skoft op de barten stien hienen, wie der in subkultuerke ûnder dy barten. Dêrom hienen de measte boeren ek in stik as wat buorkerijkatten. Dy kamen net yn hûs, mar libben yn en om de skuorre. As natuerlike bestriders fan de subkultuer.

No woe it wolris dat jo oan de ein fan de winter efkes sitting hienen op it húske yn de skuorre. Op himsels neat mis mei. Mar de bewenners fan de subkultuer wienen nijsgjirrich. En ik kin jo melde dat wannear't jo mei de broek op de ankels sitte it net aardich is as der in spitse noas ûnder de kier fan de doar trochkomt. Mei dêr efteroan in brún liif mei in lange sturt. As je dat net yn de gaten ha en jo merke it pas as it bist yntiids om jo klompen hinnerûn is en him efter de pot befynt en hiel hurd piiiiip seit, knipe jo alles ôf en is draait de besite oan it húske út op in teloarstelling.

Dêrom ha ik in hekel oan mûzen.


En as Sharon Dijksma ek mar in gram hert foar de saak hat wêrfoar't se yn it regear sit, soarget se dat de dupearre boeren holpen wurde.        

Reacties

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'