Gastles op it Drachtster Lyceum: De top fiif


Hjoed mocht ik in gastles jaan op it Drachtster Lyceum. Yn de eksamenklasse Frysk. Ien lesoerke fertelle oer Fryske boeken en wat dêr mei gearhinget. Leuk om te dwaan en je stekke der ek noch wat fan op. Boppedat blykte hjoed dat de gemiddelde gearstalling fan in klasse fol bern net folle oars is as ien sa'n 30 jier lyn wie. Der binne guon dy't altyd prate en der binne oaren dy't minder te melden ha. Dat blykt fan alle tiden. 

Dan folget no de top fiif fan saken dy't ik hjoed opstutsen ha. Foar de digitale lêzers sil it in kâlde douche wurde. 

Ter lering ende vermaeck:

1: E-readers binne net populêr by jongerein
2: Lêze dogge jo it leafst út in papieren boek
3: Jongerein dy't lêze, lêze faaks spannende boeken
4: Skandinavyske thrillers binne favoryt. Amerikaanske op in twadde plak 
5: En chicklits dan? 'Wat binne dat?' 

En op plak 6: 50 minuten binne samar om 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen