Fier, resjerzje en Bedoarne Hannel

In heale dei nei de ferlerne bekerfinale yn Eindhoven, hie ik fan 'e moarn in ôfspraak yn Ljouwert.
Oer in hiel oar ûnderwerp. In ûnderwerp dat je der daliks fan bewust wurde lit dat sport úteinlik mar bysaak is en dat der folle wichtiger saken binne. Dat nimt net wei dat je nei in ferlerne finale wol efkes it smoar yn ha, neat minskliks is my frjemd.

Oer it smoar yn ha sprutsen: Nei Ljouwert op moandeitemoarn dus. Ahum... No de flauwekul mar efkes litte foar wat it is.

In skoftsje lyn kaam myn fjirde roman Bedoarne Hannel út. In boek oer de hannel yn minsken. Swiere tematyk. Noch net faak beskreaun yn it Frysk, wol ik leauwe. Yn de LC bedarre it boek sels yn de top trije fan Fryske boeken fan 2014, dat is in pracht. Mei Josse de Haan en de Mearkes fan Dam Jaarsma yn in top trije stean is neat mis mei.

Dan leit it boek der en wat dan noch? De tiid dat de boekhannels it wurk foar jo dienen en it boek oan de man brochten, is prate yn alearen. Dy tiid hat west. Jo sille sels wat ûndernimme moatte. Sutelaksjes yn in resint ferline toanden oan dat der noch altyd ferlet is fan Frysk skrean wurk. Eh...

Ta de saak no. Wat is it in foarrjocht dat der minsken binne dy't Nynke Andringa hjitte en wat mei boeken ha.

No, De Jong, lis dat mar ris út... Okee.

Nynke Andringa is manager fan de Biblioteek op It Feen. Dat docht se mei in soad entûsjasme en net sûnder sukses. No sil ik hast ophâlde, oars wurdt se miskien eigenwiis en dat mei yn Fryslân net, dus. Mar Nynke hie begjin oktober al ris in baltsje opsmiten oer in Fryske jûn dy't se sa no en dan organisearret yn de byb. Bygelyks mei as reade tried Auke Zelderust syn boek oer De Marwei en sa binne der mear foarbylden.

Nynke is net ien fan it ferjitten, sterker, se hâldt oan as storein, dus bedarren wy hjoed yn in oerliskeammerke by Fier yn Ljouwert. En as je dêr sitte en efkes mei de minsken prate oer wat se dêr dogge, ferjitte je hiel rap de ferlerne finale fan de Unis Flyers.
Op de presintaasje fan Bedoarne Hannel wie al in sprekker fan Fier, mar ik bin der wiis mei dat it in ferfolch krije sil. De Fryske jûn fan 9 febrewaris yn de byb fan It Feen sil oer it boek, mar ek oer it wurk fan Fier en de relaasje mei de resjerzje gean. Der komt noch wol in parseberjocht fan.


Reacties

  1. Wil je boek kopen als je het mij opstuurt.Zet je banknummer erbij en wij maken het geld over.
    Adres is Weegbreestraat 44 Alphen a.d. Rijn 2403 VS. groet bert.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen