Bespotlike tagongsprizen

Stel:  Jo ha hjoed de krante lêzen en der falt jo wat op. Dus sykje jo Google op en jo fiere dizze tekst yn: bezoekersaantallen schouwburgen.

Wat tinke jim dat je dan te sjen krije? Op de earste side foaral de tekst: Minder bezoekers schouwburgen en Schouwburgen trekken minder bezoekers. Guon berjochten kome út 2014, mar ek guon út 2011 en 2009. It liket dus in struktureel probleem. Fansels binne der útsûnderingen, mar oan de resultaten te sjen is it gjin fetpot.

Hjoed stienen yn de krante in pear tips foar programma's dy't jo oerhelje moatte om in jûn nei it teater of skouboarch te kommen. In pear foarbylden:

Mexicaans mei Joris Linse en Caramba yn de Lawei.
Sjonger Douwe Bob yn De Skâns
Keihard saunacabaret van Vrijdag en Sandiford yn De Lawei
Jan Akkerman yn De Harmonie.

No, aardich. Wêr sille wy ris hinne? Wy ha twa dochters, dus dy sille Douwe Bob wol de bêste opsje fine. Ik hie leaver nei Jan Akkerman gien, mar ik bin dan ek al stokâld. Wy geane foar Douwe Bob. Leuk. Mar dan sjogge jo nei de prizen. Yn deselde folchoarder:

€ 23.00
€ 19.50
€ 23.00
€ 22.50

As wy dus mei syn fjouweren nei De Skâns wolle soenen foar in konsertsje fan krapoan twa oerkes, miskien wat langer, miskien wat koarter, binne jo dus € 78.00 lichter. Foar de notoire weromrekkenwûnders: Dat is 171.88 gûne (!).
De Lawei docht der mei 92 euro , dat is 202.74 gûne noch in skepke boppe-op.

It sil wol marktkonform wêze hear, en de artysten moatte it fan optredens ha omdat nij wurk in dei letter fergees del te heljen is op ynternet, mar dan noch.
Ik kin my net yntinke dat in mem dy't ôfhinklik is fan de bystan mei twa bern yn de djoere leeftyd ea noch yn in skouboarch komme sil.

De tagongsprizen foar kultuer binne sa heech dat de sektor drok dwaande is himsels eksklúsyf foar de kulturele elite te programmearjen. Der groeie generaasjes bern op dy't nea nei in foarstelling yn in teater komme kinne, deagewoan omdat se it net betelje kinne.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen