Tastimming of gjin tastimming?

It is winter yn Fryslân, dus it bloch mar wat yn winterske kleuren.

Wylst ik nei in konsert fan Gary Moore en de Midnight Blues Band út 1990 yn Montreux sit te harkjen (Gary is sûnt 2011 net mear by ús) en in resept foar Kapsalon besjoch, hearde ik in oerke lyn noch de bekende lûden fan meanmasines dy't in gazon millimeteren. It is 1 novimber.

Earlik sein ha ik wol in aparte wike efter de rêch. En dêr fertel ik dus fierder ynhâldlik mar net al tefolle oer. Wol fyn ik it op syn plak om te fermelden dat ik bliid wie om immen op in gearsit oan te treffen wêrfan't ik tocht hie dat er der wolris net wêze koe. Tige.

Foar it oare ha ik in soad heard, opskreaun, lêzen, flokt ha ik ek, it spyt my dat ik it sizze moat. Oan de oare kant ha ik ideeën opdien, al besteande plannen nochris yn my omgean litten, by in presintaasje west, fansels oan it wurk west, seis dagen dizze wike, moarn kollum skriuwe dus eins sân, mar dat is hobby sille jim sizze. Boppedat hat myn bledblazer in reparaasje ûndergien, ik hie in oare te brûken, prima service yn Nij Beets. Hjoed ha ik nei it wurk efkes bûtendoar by de terraskachel sitten en nei de oerfleanende guozzen sjoen. Dan wie der woansdei noch in moai sportevenemint yn It Feen, in TV programma om fan de spuien, en noch wat oars. Mar dat is foar my, dêr ha jim neat  mei nedich.

Dat sa. In trochsnee wike? No, nee. Mar wol ien om op fierder te borduerjen. Hoopje ik.

En ik fertel net wat we iten ha. Dat docht in oare tige ferneamde Frsyke blogger altyd. It soe dus not done wêze om in stik fan syn format of teksten samar oer te nimmen. Dat jild foar alle bloggers, by the way. Dêr soe in fatsoenlik minske of ynstânsje altyd earst efkes nei fernimme. Oft dêr beswier tsjin wie. Of net, achte meiwurkers fan de Fryske Akademy?  
   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen