Streektalen konferinsje yn Hoogeveen

De biblioteek fan Hoogeveen is grut en kreas, mei alle nijmoadrige eleminten der yn, sadat der op in sneontemoarn ek bern efter de kompjûterskermen sieten. Se sochten nei spannende boeken, sei ien tsjin my, wylst er in online game spile. Hy wie oan it skaken, dus dan is der noch hoop.

It is oars net myn gewoante om op sneon nei Hoogeveen te riden om te sjen wa't der yn de lokale byb komme, mar hjoed moast dat al. Yn in seal fan dy byb wie in konferinsje oer streektaal- de kânsen en mooglikheden, en de organisaasje hie my frege oft ik wat oer de aksjes fan Stifting Tsjil fertelle woe en ek wat oer myn eigen skriuwerij.

De moarn begûn mei kofje en waard dêrnei iepene troch de foarsitster fan it SND (Stichting Nederlandse dialecten) Veronique de Lier. Wat folge wienen moaie Drinske lieten en in pear gedichten troch Ballads2 en Suze Sanders.

Doe kaam in petear fan Abel Darwinkel fan it Drinske Huus van de Toal mei de, kwa optredens, fierwei meast suksesfolle Fryske skriuwer fan dizze tiid. Johan Veenstra. De man hat troch hiel Nederlân op de planken stien mei syn Stellingwerfske ferhalen en gedichten en fertelde hoe't er dat hân hat. Hy mocht ien fan dy ferhalen fertelle en dat wie daliks ek ien fan myn favoriten, it ferhaal út Mit et waeter veur de dokter oer it urven sulverguod fan Joadske komôf dat net goed oanfielt by de eigner.

Nei in koarte útiensetting oer de wurkwize fan de Neie Drinske Schrieverskring en in pitch oer streektaalboeken mocht ik wat fertelle oer Tsjil en oare saken yn antwurd op fragen fan Abel Darwinkel.

Dat gie prima, allinnich begûn de seal wat rûzich te wurden doe't ik sei dat we yn Fryslân dochs wol wat in oare posysje ha, omdat it Frysk no ienkear de twadde rykstaal is. Soks skynt op guon plakken tige gefoelich te lizzen, mar ûnder de lunsj spruts ik in mei in man út Limburg dy't sei dat wy yn Fryslân fierstente beskieden binne troch ús altyd mar te ferbrekken. 'Dat doen die Brabanders ook altijd!' foetere de man. Njonken my siet in man út: Waalre... Hy sei mar neat.

Earder hie ik mei dizze Brabander praten oer de teloargong fan in soad kulturiel erfguod op taalmêd en sa mear, ûnder ynfloed fan dit VVD/PvdA regear. De man wie net posityf en helle de murf sleine Nederlânske mentaliteit oer it harspit. 'We laten het allemaal maar gebeuren, straks praten we allemaal NederEngels en zijn alle talen foetsie.' Ik wie it yn grutte halen wol mei de man iens.

Ik leau dat hjir gjin klappen fallen binne, sels de Grinzers wienen op it each aardich kalm doe't ik ien sin yn it Frysk spruts. Foar it oare wienen der Tukkers, Brabanders, lju út Seelân, West Fryslân, Drinte, Limburg en wit ik wêr noch mear wei. Allegearre drok mei taal. De RKK radio wie der om in pear minsken foar de mikrofoan te heljen, dat is hjoed om 18.00 op Radio5 te beharkjen. Letter op de dei soe de Drinske Omrop ek noch komme en der wie skriuwende parse by, dus oandacht genôch.

It sil my benije oft se ynkoarten earne oars yn Nederlân ek mei sutelaksjes begjinne. Se witte no wat it wurd betsjut, dat sadwaande.
 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen