Nederlân is ryp foar it Indiase kasten systeem.

De basisbeurs is net mear fan dizze tiid, seit frou Jet Bussemaker. It systeem dat prima wurke hat, moat ferfongen wurde troch in lienstelsel. De falske meiregearpartijen D66 en Grienlofts soargje derfoar dat ek dizze fierdere ôfbraak fan in fatsoenlik lân troch de keamer komt. Oer de kadaverdissipline fan de regearpartijen sille wy it mar net iens mear ha. Ik wol leauwe dat as it fanwege de macht moast, de PvdA him braaf omdope liet yn VVD, oarsom is dat ek sa.

Yn India ha se it kasten systeem. Minsken dy't as se in bern krije al witte wat dat bern syn as har foarlân is. Ha jo de fette pech dat jo as in yntelliginte poppe op de wrâld komme mar heit en mem komme út in legere kaste, is it jammer mar helaas. Mar sporadysk slagje guon der yn om harren ôfkomst te ûntflechtsjen. Meastal bedarje se krekt as heit en mem ûnder strieminne omstannichheden yn in koalemyn, meitsje it rioel skjin of dogge oar wurk dat folslein net by harren nivo past.

Neffens my fynt de gemiddelde hardcore VVDer dat in machtich moai systeem. It sil harren net barre dat harren brallende, mei in IQ fan in dom skiep berne bern efter de rinnende bân komt. Nee, dy wurde loslitten yn in studintestêd, mocht der in ferbouwing fan it ûnderkommen fan de studinteferiening nedich wêze, belje se efkes en heit stiet foar in pear ton. Dit is gjin lulkoek, ik ha it fan immen dy't ik heech achtsje en nea op leagens betrape ha.
  
Als je voor een dubbeltje geboren bent, wordt je nooit een kwartje, song Louis Davids. Profetyske wurden as de VVD oan de macht is. Dy wolle graach dat alles boppe-op de aperots sa bliuwt. Al is soanleaf ek te dom om foar de duvel te dûnsjen, heit hat jild en dus komt der wol in goed betelle baantsje.

En al sille de dames en hearen politisi noch sa harren bêst dwaan om rjocht te lullen wat hartstikkene bryk is, Nederlân sakket fierder en fierder fuort. Net allinnich rinne wy grutte efterstân op yn nivo fan oplieden, mar slimmer is dat it nivo fan de oplieden bern aanst dramatysk nei ûnderen gean sil.

Wêrom? Omdat it sa ynklaaid wurde sil dat it foar 'gewoane' bern praktysk net mear op te bringen is om in universitaire studzje te dwaan. Se bliuwe efter mei in ekstra hypoteek. En se ha gjin heit dy't dat efkes ôftikket. Mei as gefolch dat wy yn Nederlân aanst troch noch mear bestjoerders bestjoerd wurde dy't kwa nivo eins it rioel skjinmeitsje moasten, wylst de skjinmakker in briljant ekonoom is, mar troch syn lege kaste dêr net de mooglikheid foar hân hat om dy jefte te ûntwikkeljen.


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen