Mulder vs Ploeg, to be continued?

Der stiene hjoed in oantal aardige saken yn de krante. Earst in moai wynmûnepark yn de Noardsee. Teminsten, de foto wie prachtich, lykas de namme fan de dame dy't se befregen: Didi te Gussinklo Ohmann. Dat is wer ris wat oars. Dan in treflik petear mei Haagse Anouk. In apart meubel fansels, mar op ien as oare wize mei ik wol oer har. Omdat se seit wat se tinkt? Hoe dan ek. Moai skreaun.
 

As lêste wie der in CDA stik skreaun troch in PvdAer. Altyd aardich as yn in opinystikje de rollen omdraaid wurde en de iene eks deputearre de oare omseamd mei stânpunten en dêr partijfrjemde bewurdingen by brûkt. Kabaret yn de krante, sûnder in oardiel te hawwen oer de ynhâld fyn ik de opset in moai gegeven. It wachtsjen is op de reaksje út De Wylgen, dizze korrespondinsje tusken de hearen Bertus Mulder en Jan Ploeg fertsjinnet in ferfolch. Einliks wer in item yn de krante dêr't je fan sizze: yes! Dus, kom op Jan Ploeg, nije wike sneon ferwachtsje wy in reaksje!
Mulder


Ploeg

Reacties

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'