Fuck you yn de Grinzer Pein

Wat is it in foarrjocht om ien kear yn de safolle tiid yn in sporthal te sitten dêr't se oan volleybal dogge. Beide dochters beoefenje dizze sport en dan moatte jo as heit ek wol ris mei te supporterjen. Hjoed wienen wy al aardich betiid foar op in sneon yn Grinzer Pein. Dêr wienen wy net allinnich, it tilde der al op fan klomjend folk dat eins de flappen wol efkes langer oer de eagen ha wollen hie, mar dus troch itselde plichtsgefoel yn in kantine plak naam.

No is it echt prachtich om te sjen hoe't ien en oar ferrint. Sjoch, jo ha in leger oan frijwilligers noadich om dy sportboel draaiende te hâlden. Ik ha gut respekt foar dy minsken. Sy binne de driuwende krêften efter de breedtesporten yn Nederlân. Mar se binne dan soms ek net hielendal champions league weardich, wat fierder gjin weardeoardiel is, mar in konstatearring. Nochris, grut respekt foar dizze helden.

Hjoed wie der in toernoai dêr't fan de ferienings ferwachte waard dat se in punteteller en/of skiedsrjochter oanleveren om de ultra spannende wedstriden te begelieden. Jim snappe wol dat soks sa no en dan kabaret op heech nivo is. Skitterjende bylden fan meilibjende coaches en âlders levert dat op.

Sa mochten wy hjoed genietsje fan in skiedsrjochter dy't echt boppe-op de wedstriid siet. Ien dy't neat ûntkomme soe, sa stie se der yn. Treflik. Se siet der sa ticht op dat se sa no en dan yn it fjoer fan de striid wol in heale stap yn it wedstriidfjild kaam. Net dat soks fan ynfloed wie op de punten en it wedstriidferrin, mar dochs. Ien fan de begelieders fan de tsjinstanner seach dat en sei dêr wat fan. De skiedsrjochter hearde pas nei twa as trije kear dat der opmerkings oer har funsjonearjen fentilearre waarden en skeat yn it defensyf. Sy hie de lieding en sa wie it. De man dy't de opmerking pleatste liet him samar net ferkatse en die der noch in skepke boppe-op. De skiedsrjochter wie út noch yn net fan doel om har wize fan lieding jaan te feroarjen. De minsken op de tribune holden de siken yn, hoe soe dit ôfrinne? De man mei de opmerkings hie technysk sprutsen gelyk, mar brocht it wat sûnder gefoel. Hy fielde de wedstriid net sa goed oan, om it samar te sizzen...

De spanning dripte der ôf op in iere novimbermoarn yn de Grinzer Pein. Mar sa as in skiedsrjochter ek dwaan moat, se hold foet by stik en brocht de wedstriid sûnder kantroeren ta in goed ein. De man mei de opmerkings joech it oer en de dêrby brûkte symbolyk wie op in huverige moarn ein 2014 tige sprekkend. Folslein net yn de sfear fan de kriich, mar wol sa as Ron Jans it in kear die doe't er noch trainer fan It Feen wie liet de man him gean. Hy die dit en freegje my net hoe't de wedstriid ôfrûn is, want dizze foarstelling wie tsien kear spannender. Ik ha my de bûsen útskuord. Sport is emoasje, dat blykte fannemoarn mar ris wer yn de sporthal fan de Grinze Pein. Der binne gjin klappen fallen.



 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen