Fjouwer dagen Lord's en The Oval op de BBC

Eartiids wie alles better. Foar guon dingen is dat fansels net sa, mar foar oaren wol. In jier as 15 lyn wie der teminsten nochris wat op TV. De BBC wie simmers in hearlike stjoerder om nei te sjen as ien as oare koloanje optrommele waard om nei de hillige fjilden fan de stiff upper lips te kommen om dêr de saneamde testwedstriden te spyljen.

Soks begjint meastal op tongersdei. 'This mornings play,' ha se it dan oer. Twa oere middeis. Hearlik. Live cricket is tsien kear moaier as hokker sport dan ek, mar allinnich op de BBC. Spitich dat se de rjochten net mear ha, oan de oare kant is it mar goed ek, want as je der ien kear foar sitte is it ferslaavjender dan hokker drug ek. Fjouwer dagen efter elkoar. Sels rein is net slim, want dan komme der gewoan werhellings.

Cricket is de meast nobele, saaie, flauwe, goare en geweldigste sport foar de leafhawwers. Goar omdat de bowler oars net docht as de bal oppoetse yn syn ljiskstreek, dus yn prinsipe hat er trije, fjouwer dagen lang in ekstra bal. It ding moat wol nei in mjuks fan gers, klaai en miich rûke. De spierwite broek fan de man wurdt ter plaatse ek oranje fan alle wriuwing. Hy lit ôf. En dat is ek de bedoeling, want om it ek mar in bytsje spannend te meitsjen, moat de bal ferminkt wurde, sadat er nuver stuitert op de naaide seam. Dy wurdt nammentlik net oppoetst. Ja, nei safolle jierren ha ik der wat doel oer. Der sit in folsleine psychologyske teory efter. Hearlik om dy sa trije oant fjouwer dagen lang útlein te krijen, tusken de 10.000 bowls dy't neat opsmite. Mar sels dyselden dy't neat opsmite ha in ferkennend doel. It kin sa wêze dat nei 100 kear de bowler der efter komt dat de wize wêrop't er bowlt net goed is. Sjoch, dan hat it in doel. En mar hoopje op rein, want dan is it tiid foar de yngreven analizes. Hearlik.

It moaie is dat je der in simmer mei besteld binne. As Australië oerkomt, spylje se net ien potsje, mar bliuwe gewoan de heale simmer. Prachtige nammen as Lord's, The Oval. Edgbaston, Old Trafford, Trent Bridge en Headingley komme foarby. Allegearre hillige grûn dêr't cricket spile wurdt.

De bowlers binne de macho's. Foaral de woeste fastbowlers, dy't kanonskûgels rjochting de batsman fleane litte. Mar foar my is de spinbowler folle moaier om nei te sjen. Dy smyt net hurd, mar wol mei in effekt dat je as batsman hast net oankommen sjogge. It kin sa wêze dat de bal op de grûn stuitert en wol 30 sentimeter ôfwykt fan de natuerlike baan, safolle draaiing sit der yn. It is dan komysk om te sjen dat de wicket, dat binne dy trije  dwaze pealtsjes mei twa idioate houtsjes der op, omsiten wurde. Dat is nammentlik it doel. In fangbal, of de wicket omsmite. Prachtich.

Ik foarsjoch in grutte takomst foar it cricket yn Fryslân. It is hjir no 12 moannen yn it jier simmer, dus tiid genôch om it te learen. Kin helaas net op al dy keatsfjilden dêr't net in kop mear komt, want dy binne te lyts.

Yn it filmke wat foarbylden fan moaie bowls.


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen