Faderpaard

In healjier lyn moast ik nei de toskedokter en dy sei dat in renovaasje fan ien fan myn kiezzen net mear foar te kommen wie.
Trou en braaf as wy grutbrocht binne ha ik daliks knikt en foardat ik it wist lei ik yn ûnmacht mei twa pratende mûlkapkes boppe my. Dat is al in stik better as eartiids, doe't we yn de toskedoktersbus by de legere skoalle yn de gouden etelaazje ofwol mûle fan de toskedokter opseagen. Freeslik. Hawar, de technyk stiet net stil, dus eartiids wie net alles better. Seker de toskedokter net.

Om efkes yn de sfear te kommen in rekonstruksje fan it petear in healjier lyn, efter de mûlkapkes.

'Zie je dat?'
'Zo heee... dat zijn nog eens kieren...'
'Dat bedoel ik.'
(jankende boar)
'Pompompom...'
(jankende boar en slobberjend sûchding, 'grloglgrolggrolggrolggg...')
'Mag ik ... (folslein ûndúdlik wurd) van jou?'
'Deze?'
'Nee, die grote.'

Al dy tiid lizze jo nei in berneskilderij te loeren dat op ien fan de plafontegels kliedere is, it hie ek in gedicht wêze kinnen. Faderpaard of sa. Jo witte dat jo oerlevere binne, hoe dan ek.

'Zo, meneer De Jong, het is klaar. Het is een grote vulling, dus blijft het nog wel even gevoelig. Ik denk dat het zich na verloop van tijd wel zal stabiliseren.'

Jo wolle wat sizze mar de ferdôving lit it net echt ta.

6 moannen letter.

Hjoed moast ik wer nei de toskedokter en fertelde him dat ik mar oan ien kant kôgje kin, gjin kaugom mear ferneare kin, dat wylst ik sûnt ik stoppe bin mei smoken kaugom as ferfangende drug brûkte, dat ik nachts wekker wurd fan de pine en dat alles troch dy rotkies mei dy 'grote vulling'. Net dat ik de toskedokter ek mar wat kwea-ôf nim, it binne prima faklju en se hienen my warskôge dat it 50/50 wie.

Dat hjoed wie de dei dêr't je fan wisten dat er komme soe. De woartelkanaalbehanneldei. Wat in feest.

Doch in ferassing oan it begjin fan de behanneling wie it tige ergonomyske 'rubberen matje' dat se my as in soarte fan Lippe Lap yn de mûle spanden. Dat wie foar my de earste kear. Foar de toskedokter is soks maklik, jo kwijle dan bûten syn gesichtsfjild en dat wurket better, dus dat begryp ik dan wol wer. Dat it jo by de kraach yn rint is wat oars, mar toe mar.

'Hoefolle tinke jim dat der binne?' (woartelkanalen, bedoel ik)
'Drie, misschien vier.'
'O.'
'Is de verdoving al ingetrokken? Wacht even, ik probeer wel...' Pssss (kâlde lûcht, jo wurde geweldadich en tink oan ferjilding mei stompe messen, sa sear.)
'Nog niet dus? Dat is vreemd, geef me nog maar een ...' (net te ferstean wurd)

Op 't lêst hie ik trije kear de normale doasis nedich om dy rotkies del te bêdzjen, dit 'Hebben we nog niet zo vaak meegemaakt.'

Doe kaam it bettere ûntsenuwwurk op gong. Mei nuveraardige helpmiddels. In healoere letter siet ik wer yn de auto, begjin 2015 meitsje se de boel klear. Oars past it net yn de algemiene finansjele foarwearden dy't ik mei Diana Monissen ôfpraten ha. En dy wolle jo net tsjin ha, want sokken hâlde oan as storein en foardat je it witte sliepe jo mei in keunstgebit yn in glês njonken it bêd.

Nee, dan mar in woartelkanaalbehanneling yn twa bedriuwen. De ferdôving sit der no noch yn, dat sil komme omdat er trije kear sa swier wie, dus hoe't it aanst wurde sil wit ik noch net. Ik ha al efkes nei de Poiesz west om in flesse Brons Beerenburg. Foar it gefal dat it wat ekstra ferdôve wurde moat foar de nacht.        

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen