Heit en mem beskuldige



Arbeidsynspeksje

Mei út namme fan myn broer en sus wol ik hjirby ús heit en mem yn steat fan beskuldiging stelle. It spyt my dat it hast 35 jier duorret hat foardat ik ta dit ynsjoch kaam bin, mar hjoed binne my de eagen iepen gien.

Wy binne as bern freeslik brûkt, ha ik hjoed leard. In jonge fan tsien jier âld rûn mei in helm op de holle op in bouplak om en, net bêst, hy hie ek noch wat yn de hannen. En syn broek wie fiis, stel je foar!
Lokkich wie it syn heit syn bouplak, sadat de kordate ynspekteurs de dieder gau in fikse boete oplizze koenen. Lokkich mar.

No, dan no de oanklacht. Dy is lang.

1: Doe't ik 6 of 7 wie, ik wit it net krekt mear, is myn wurksume libben begûn. Keallen boarne, kij ophelje, sturten fêst meitsje, sturtwaskje, biks yn de goate dwaan en noch 1000 oare dingen. Ek moast ik op de trekker tusken de heapakjes trochride. Doe sil ik 8 west ha.

In folslein drama. En nei yngreven stúdzje bin ik der efter kaam dat dizze misstannen al generaasjes lang foarkomme. It stille fertriet fan al dy frij grutbrochte boerebern is mei gjin pinne te beskriuwen. Se binne foar it libben tekene.

Sis no sels, hokker amtner fan de arbeidsynspeksje nimt syn bern mei nei it wurk? Dat is pas misbrûk. Omdat der gjin flikker oan is.  

Soenen dizze sneue minsken fan de arbeidsynspeksje it ek yn harren botte harsens omgean litten ha dat it jonkje fan 10 mei in helm op de holle en in slange yn de hannen it miskien wol hielendal super fynt om by heit op it bouplak om te strunen?  Sa as generaasjes boerebern it folslein fanselssprekkend fine om thús heit en mem te helpen mei de kij en oar licht wurk? En dat wy ek wolris fan de learzens ta it hier ûnder de kowestront sitten ha?

Soenen se dêr oer tocht ha?  

Grif net. Want se kinne harren net yntinke dat harren wurk foar harren bern ek aardich wêze kin. Want dat is it net.

Wurkje op de bou wol. En op in boerehiem.

Nederlân ferwurdet ta in karikatuer fan in normaal lân, sorry dat ik it sis. En heit en mem, jim hoege der net oer yn te sitten, hear. Ik lûk alle oanklachten yn. Jim ha gelyk. En mei jim alle generaasjes foar jim.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen